Sienna West, echte namme: Veronica Teixeira Weinstock (Orange (Kalifornje), 6 novimber 1977), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Oerûguayaansk, Dútsk en Portegeesk komôf, dy't berne is yn Orange, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Har artystenamme wurdt ek wol misstavere as Siena West.

Libben en karriêre Sienna West, wa har âldelju oft allebeide út Oerûguay komme, brocht har iere bernejierren troch yn Kalifornje. Doe't se tsien jier wie, ferhuzen se nei Floarida. Doe't hja âlder wie, die hja dêr oan ferskate bikinywedstriden mei. Nei har skoaljierren wurke se as ferkeapster yn in kleanwinkel en as servearster yn in Hooters-restaurant (dat him foarstean lit op it rûnboarstich foarkommen fan it personiel). Uteinlik ferhuze se werom nei Los Angeles, dêr't se njoggen jier lang as stripper wurke yn 'e meast eksklusive stripklubs en ûnderwilens in protte kontakten lei yn 'e pornoyndustry.

West makke har debút yn in pornografyske film yn 2007, doe't se tritich jier wie. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as hûndert films spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy, foar labels as Vivid Entertainment, Brazzers, Penthouse, Digital Sin, Adam & Eve, Bang Productions en Evil Angel. Yn 2007 wûn se de Adam Film World Guide Award yn 'e kategory milf fan it jier, en yn 2008 sleepte hja in nominaasje yn 'e wacht foar sawol de AVN Award yn 'e kategory milf/cougar fan it jier, as de CAVR Award foar milf fan it jier.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2007Adam Film World Guide Awardwûnmilf fan it jiern.f.t. 2008AVN Awardnominearremilf/cougar fan it jiern.f.t.CAVR Awardnominearremilf fan it jiern.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Sienna West Biografy fan Sienna West yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Sienna West yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk winkelbetsjinner Kategory:Amerikaansk ober of servearster Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Oerûguayaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Portegeesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1977