thumb|220px|De grutste boarne fan de Dan

De rivier de Dan (Hebriuwsk: דן dan, Arabysk:اللدان leddan) is de grutste boarnerivier fan de Jordaan.Dan River, IsraelEncyclopædia Britannica, Encyclopædia Britannica Inc.; 8 maart 2012 De rivier ûntspringt út ferskate boarnen ûnder de grûn by de Tel Dan. D. Gil'ad en J. Bonne: The Snowmelt of Mt. Hermon and its Contribution to the Sources of the Jordan River yn Journal of Hydrology, 1990. Siden 1–15

De rivier waard sa ek neamd nei de Israelityske stêd Dan (doe noch Laish hjitten en fan Kanaäniten bewenne), dy't fan de stam Dan ferovere waard yn de tiid fan de Rjochters.

De Dan stjoert oant 238 miljoen kúb wetter it jier nei de Hulahdelling. Yn 1966 wie er diskusje tusken de wetterplanners en de natuerbeskermers oer it gebrûk fan de rivier. Trije jier fan prosesfieren wiene it gefolch mei as resultaat it stichten fan in beskerme natuergebiet fan sa'n 120 km² by de boarne fan de rivier, it Tel Danreservaat.

Keppelings om utens Tel Dan , Department foar Joadsk Sionistysk Underwiis

Kategory:Bibelsk plak Kategory:Rivier yn Israel