It Georgysk (ქართული, Kartuli) is de nasjonale taal fan 'e Georgjers en de offisjele taal fan Georgje. It is fierwei de wichtichste en grutste fan 'e fjouwer Súdkaukazyske talen (dy't foar safier bekend mei gjin inkele oare taal besibbe binne), en wurdt sprutsen troch likernôch 3,2 miljoen minsken yn Georgje en troch noch seker in heal miljoen oaren om utens, û.m. troch lânseigen Georgyske minderheden yn Ruslân, Azerbeidzjan, Turkije, Iraan en de de facto ûnôfhinklike republiken Abgaazje en Súd-Osseesje. It Judeo-Georgysk is it tradisjonele dialekt (of de tradisjonele taal) fan 'e Georgyske Joaden.

Kategory:Súdkaukazyske talen Kategory:Taal yn Georgje Kategory:Taal yn Abgaazje Kategory:Taal yn Azerbeidzjan Kategory:Taal yn Iran Kategory:Taal yn Kazachstan Kategory:Taal yn Ruslân Kategory:Taal yn Súd-Osseesje Kategory:Taal yn Turkije