Rein Pol (Grins, 1949) is in Nederlânsk keunstskilder dy't rekkene wurde kin ta it ûnôfhinklik realisme.
Biografy Pol studearre fan 1971 oant 1976 ‘skilderjen en grafyk’ oan de Grinzer Keunstakademy. Oan dy akademy joech er ek 15 jier les. Yn 1976 waard Pol skilder. Hy hat yn syn wurk in protte omtinken foar details en komposysje. Under oare it Drintsk Museum yn Assen en it Museum Smellingerlân yn Drachten hawwe ferskate fan syn skilderijen.
Sûnt 2008 jout Rein Pol in masterclass figuratyf skilderjen oan de Klassike Akademy yn Grins.
Keppeling om utens Hiemside fan Pol
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Akademy Minerva Kategory:Persoan berne yn 1949