thumb|Bessie Smith yn 1936 (foto: Carl van Vechten)
Bessie Smith (Chattanooga, Tennessee, 15 april 1894 - Clarksdale, Mississippy, 26 septimber 1937) wie in Amerikaansk bluessjongster. Sy wurdt beskôge as ien fan de populêrste en súksesfolste bluessjongers út de jierren tweintich fan de 20e iuw dy't mei Louis Armstrong grutte ynfloed hân hat op oare jazzsjongers.
Biografy Bessie Smith wie de dochter fan Laura (berne Owens) en William Smith. William Smith wie arbeider en dieltiidpredikant by de Baptistetsjerke. Hy stoar rillegau nei't Bessie berne waard. Tsjin de tiid dat hja njoggen wie, hie hja har mem en broer ek ferlern. Har âldere suster Viola naam de húshâlding dêrnei op 'e noed.Albertson. Bessie (Revised and Expanded Edition), Yale University Press (New Haven), 2003. ISBN 0-300-09902-9.
Wurkpaad Bessie Smith song yn 1912 yn deselde show as Ma Rainey, dy't har hoede en noede. Acht jier letter, yn 1920, hie hja har eigen show en wie har namme al festige yn in grut part fan it suden en easten fan de Feriene Steaten.
Yn 1923 wie hja ien fan de earste bluesartysten, dy't in platekontrakt by Columbia Records tekene. De classic female blues, dêr't hjua in wichtich eksponint fan wie, belibbe yn dy tiid syn gloarjedagen. Bessies opname fan Alberta Hunter syn Downhearted Blues makke har yn ien klap ferneamd. Bessie Smith waard yn de rin fan de tiid ien fan bêst fertsjinjende swarte artysten fan har tiid. Sy spile mei guon fan de bêste muzikanten fan de jierren tweintich, ûnder oaren mei Louis Armstrong, James P. Johnson, Joe Smith en Charlie Green.
Yn 1929 wiene de heechtiidsdagen fan har muzykstyl oer en rekke har karriêre yn de nederklits. Sy spile dat jier noch wol yn de film St. Louis Blues en 1933 naam hja mei John Hammond har lêste songs op. Beynfloede fan Hammond hie hja besocht har mear te ûntjaan ta in swingsjongster.
Dea Op 26 septimber 1937 rekke Bessie swierferwûne by in autoûngemak tusken Memphis en Clarksdale mei har feint (en omke fan Lionel Hampton) Richard Morgan oan it stjoer. Sy waard nei it swarte Afro-Amerikaanske sikehûs fan Clarksdale brocht, dêr't de dokters har rjochterearm ôfsetten. Sy waard lykwols net wekker út de narkoaze en stoar deselde moarns noch. Bessie Smith is 43 jier wurden. Har grêf bleau lange tiid sûnder oantsjutting, oant Janis Joplin en Juanita Green der tsientallen jierren letter in stien mei ynskripsje oposette lieten. Dory Previn skreau oer Janis Joplin en har grêfstien foar Bessie Smith it liet Stone for Bessie Smith op it album Mythical Kings & Iguanas.
Diskografy OpnamedatumLietBegelieding1923: 17 febrewarisDown Hearted BluesClarence Williams (piano)1923: 7 aprilTicket Agent Ease Your Window DownRobert Robbins (fioele); Irving Johns (piano)1923: 21 septimberJailhouse BluesIrving Johns (piano)1924: 4 aprilSorrowful BluesJohn Griffin (gitaar); Robert Robbins (fioele)1924: 23 julyHouse Rent BluesCharlie Green (tromboane); Fletcher Henderson (piano)1924: 26 septimberWeeping Willow BluesJoe Smith (kornet); Charlie Green (Posaune); Fred Longshaw (piano)1924: 6 desimberFollow the Deal On DownBuster Bailey en Don Redman (klarinetten); Fred Longshaw (piano)1925: 24 jannewarisSt. Louis Blues; Reckless Blues; You've Been a Good Ole Wagon; Sobbin' Hearted Blues; Cold In and BluesLouis Armstrong (kornet); Fred Longshaw (harmoanium yn de earste twa stikken; piano yn de oare trije)1925: 5 maaieCake Walking Babies; The Yellow Dog BluesJoe Smith (trompet); Charlie Green (tromboane); Buster Bailey (klarinet); Coleman Hawkins (tenoarsaksofoan); Fletcher Henderson (piano); Charlie Dixon (banjo); Bob Escudero (tuba); Kaiser Marshall (slachwurk)1925: 26. MaiCareless Love Blues; Nashville Woman's Blues1925: 27 maaieI Ain't Gonna Play No Second Fiddle; J.C. Holmes BluesLouis Armstrong (kornet); Fred Longshaw (piano); Charlie Green (tromboane)1925: 18 novimber At the Christmas BallJoe Smith (trompet); Charlie Green (tromboane); Fletcher Henderson (piano)1926: 18 maartJazzbo Brown from Memphis Town; The Gin House BluesFletcher Henderson (piano); Buster Bailey (klarinet)1926: 4 maaieBaby Doll; Money Blues; Lost Your Head BluesJoe Smith (trompet); Fletcher Henderson (piano)1926: 10 oktoberOne and Two Blues; Young Woman's BluesJoe Smith (trompet); Buster Bailey (klarinet); Fletcher Henderson (piano)1927: 2 maartAlexander's Ragtime Band; Muddy Water; After You’ve Gone; There'll Be a Hot Time In the Old Town TonightJoe Smith (trompet); Fletcher Henderson (piano); Charlie Dixon (banjo); Jimmy Harrison (tromboane); Coleman Hawkins spilet klarinet yn de earste twa stikken en Buster Bailey yn de lêste trije stikken. 1927: 3 maartTrombone ChollyJoe Smith (kornet); Charlie Green (tromboane); Fletcher Henderson (piano)1927: 27 septimberMean Old Bedbug Blues; A Good Man Is Hard to FindPorter Grainger (piano); Lincoln Conoway (gitaar)1928: 20 maartEmpty Bed BluesCharlie Green (Posaune); Porter Grainger (piano)1928: 24 augustusPoor Man's BluesJoe Williams (tromboane); Ernest „Sticky“ Elliot, Bob Fuller (saksofoan); Porter Grainger (piano)1928: 25 augustusMe and My GinJoe Williams (tromboane); Porter Grainger (piano)1929: 8 maaieKitchen Man Clarence Williams (piano); Eddie Lang (gitaar)1929: 29 maaieNobody Knows You When You're Down and OutEd Allen (kornet); Clarence Williams (piano); Cyrus St. Clair (tuba)1930: 27 maartNew Orleans Hop Scop BluesLouis Bacon (trompet); Charlie Green (tromboane); Garvin Bushell (klarinet); Clarence Williams (piano)1930: 22 julyBlack Mountain BluesTrompet en piano net bekend1931: 20 novimberI Need a Little Sugar in My BowlFred Langshaw of Clarence Williams (piano)1933: 24 novimberGimme a Pigfoot; Take Me for a Buggy Ride; Do Your Duty; I'm Down in the DumpsFrankie Newton (trompet); Jack Teagarden (Posaune); Chu Berry (tenoarsaksofoan); Buck Washington (piano); Bobby Johnson (gitaar); Billy Taylor (bas); Gimme a Pigfoot docht ek Benny Goodman oan mei.
Keppelings om utens Ynterview mei Bessie Smith har biograaf Chris Albertson Bessie Smith yn de IMDb
Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk bluesartyst Kategory:Grammy-winner Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1937