Willem de Klerk fan Normandje, yn it Frânsk: Guillaume le Clerc de Normandie , wie in ier-trettjinde-iuwsk Normandysk geastlike en Frânsktalich skriuwer en dichter. Hy moat net betize wurde mei Willem de Klerk, de skriuwer fan 'e Roman de Fergus, dat in hiel oar Aldfrânsk skriuwer wie. thumb|left|200px|Ofbyld fan in oaljefant út it Bestiaire Divin (Oxford Bodley 764).
Willem de Klerk fan Normandje skreau seis religieus-didaktyske wurken foar leken, it ierste om 1210 hinne en it lêste tusken 1227 en 1238. Syn earste boek wie de Bestiaire Divin (it "Godlik Bistespul"), en dat waard folge troch de Vie de Tobie, Les Joies de Nostre Dame, de Vie de Sainte Marie-Madelaine (in koarte biografy fan Marije Magdalena), de Besant de Dieu (in allegoarysk gedicht), en Les Treiz Moz de l'Evesque de Lincoln. Ferskate fabels binne by fersin oan him taskreaun: Du Prestre et d'Alison, La Male Honte en La Fille à la Bourgeoise. Der is gjin swymke bewiis dat Willem dêr de skriuwer fan is.
Kategory:Frânsk publisist Kategory:Frânsk dichter Kategory:Midsiuwsk skriuwer Kategory:Frânsk mûnts Kategory:Normandysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1280 Kategory:Persoan stoarn yn de 14e iuw