thumb|200px Nicolaas Schotsman (Poarmerein, 1 novimber 1754 - Leien, 11 jannewaris 1822) wie in teolooch.

Schotsman wie oant 1779 apteker. Hy studearre teology oan de Universiteit fan Leien. Dêrnei wie er grifformeard dûmny yn Spanbroek/Opmeer 1787, Oudshoorn 1788, Schoonhoven 1790, Leien 1793-1796 (Schotsman wie Oranjeoanhinger, krige dêr 1796 dien as predikant), Molenaarsgraaf 1797. Yn Fryslân stie er as predikant yn Sleat (1797/98) en Snits (1798-1801), dêr't er him oppenearre as oertsjûge foarstanner fan it âlde, otterdokske, leauwe.

Keppeling om utens Nicolaas Schotman op digibron, wiidweidige biografy

Kategory:Nederlânsk apteker Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Skiednis fan Snits Kategory:Sleat Kategory:Persoan berne yn 1754 Kategory:Persoan stoarn yn 1822