Ivan Rebroff, berne as Hans Rolf Rippert Matthias Bardong (Hrsg.): Das Lexikon des deutschen Schlagers. 2. Auflage. Schott, Mainz 1993, ISBN 3-7957-8208-2, S. 264–265. (Berlyn, 31 july 1931 - Frankfurt am Main, 27 febrewaris 2008) wie in Dútsk sjonger.

Libben en wurk Hy soe in Russyske mem en in Dútske heit hawwe, nei't er sels sei, en waard grutbrocht yn Belzig en Halle (Saale). Hy wie ferneamd fan syn tige grutte stimberik fan fjouwerheale oktaaf (mei gebrûk fan falset). Hy studearre oan de Hochschule für Musik und Theater Hamburg.

Hy wie in kante keardel, mei in grut burd, en trede meast op yn Russysk folkloristyske klaaiïng. Mei syn tige lege mar dochs linige basstim, song er faak repertoire mei in Russysk-folkloristyske ynslach, mar ek populêr, opera, operette en musical. De rol fan Tevje in Fiddler on the Roof wie ien fan syn earste súksesrollen.

Rebroff song fral yn it Dútsk en Russysk, mar koe ek Frânsk, Ingelsk en Gryksk, dy't goed te pas kamen yn sy ynternasjonal karriêre.

Hy stoar yn de âldens fan 76 jier.

Hy wie in broer fan oarlochsfeteraan en sportsjoernalist Horst Rippert.

Hits Abendglocken (вечерний звон) Dank sei Dir, Herr Das einsame Glöckchen Die Legende von den 12 Räubern Eine weiße Birke Ich bete an die Macht der Liebe Im tiefen Keller Kalinka KatjuschaMit der Troika in die große StadtMoskauer Nächte (Московские ночи)O Isis und OsirisSchwarze Augen (Otschi Tschornyje)Stenka RasinThe Legend of the twelve robbersWenn ich einmal reich wär (út de musical Anatevka)WolgaliedWolgaschlepper Muzykalbums Ave Maria Ich bete an die Macht der Liebe Zauber einer großen Stimme My Russian Homeland Glasnost Perestroika Komm mit nach Hellas Seine größten Opernerfolge Musikalische Edelsteine Russische Weihnacht Frühling in der Taiga Wunschkonzert Weihnacht mit Ivan Rebroff Wenn ich einmal reich wär´ Live in Concert DVD Live in Concert, Recitals 1968 Meine Reise um die Welt Meine russische Seele Krönung einer großen Karriere Die schönste Stimme Russlands ... und Friede auf Erden A Moscou from the World''

Keppelings om utens Offisjele webside Ivan Rebroff Fan Page

Kategory:Dútsk sjonger Kategory:Gryksk sjonger Kategory:Dútsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Gryksk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Gryksk persoan fan Russysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2008