The Curse of Chalion is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The World of the Five Gods, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Curse of Chalion, dêr't Bujold in Mythopoeic Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 2001 en is ûnderwilens oerset yn tolve talen.

Eftergrûn The Curse of Chalion wie it earste boek fan The World of the Five Gods, dat Bujold skreau yn 1999 en 2000. It wie har twadde útstapke nei it sjenre fan 'e fantasy, mei't hja har foartiid, op it net bjuster súksesfolle The Spirit Ring út 1992 nei, by science fiction holden hie, mei har populêre en bekroande Vorkosigan-kroniken. The Curse of Chalion, dat oerset wurde kin as "De Flok fan Chalion", spilet yn in fiksjonele, midsiuwskige wrâld dy't oerdúdlik basearre is op Jeropa. Op Bujold har webside is sels in lânkaart te finen wêrop't Jeropa gewoan 180 graden draait is, sadat it Ibearysk Skiereilân nei it noarden wiist.Map of the Ibran Peninsula (www.dendarii.com). Dêrút kin ek opmakke wurde dat it lân Chalion oerienkomt mei it âlde keninkryk Kastylje, en de buorlannen Ibra, Brajar en Darthaca mei it âlde keninkryk Aragon, resp. Portegal en Frankryk, wylst de fijannige Roknaarske foarstedommen lykslein wurde kinne mei de Moarske emiraten fan Andalúsje.

Net inkeld geografy, mar ek oare eleminten fan 'e wrâld fan 'e The Curse of Chalion hawwe in protte wei fan Midsiuwsk Jeropa. Sa is de oarloch dy't allegeduerigen oangiet tusken de keninkriken Chalion, Ibra en Brajar oan 'e iene kant en de Roknaarske foarstedommen oan 'e oare kant dúdlik basearre op 'e Werovering of Reconquista, de bemastering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristlike keninkriken nei de mear as fiifhûndertjierrige oerhearsking troch de Arabieren. Yn har tankbetsjûging foaroan yn it The Curse of Chalion skriuwt Bujold sels dêroer: "De skriuwster wol graach perfester William D. Phillips, Jr. betankje foar "Skiednis 3714", de nuttichste fjouwerhûndert dollar en tsien wiken dy't ik ea op skoalle trochbrocht haw; Pat "O, toe no ju, dat is leuk" Wrede foar it letterspultsje dat foar it earst de proto-Cazaril [de haadpersoan], knipperjend mei de eagen en heal stroffeljend, oan it djipst fan myn ferstân ûntlokte en foar 't ljocht helle; en, nim ik oan, teffens it nutsbedriuw fan Minneapolis, foar dy waarme dûs op in kâlde febrewarisdei, dy't makke dat de earste beide dingen yn myn holle byinoar op botsten en sa in nije wrâld en alle minsken dêryn skepen."Bujold, Lois Mcmaster, Acknowledgements yn: The Curse of Chalion. The Curse of Chalion is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 2001, troch Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam út as e-boek yn 2002 en as audioboek yn 2004.

Plot The Curse of Chalion iepenet as oan 'e ein fan in winter de aadlike castillar Lupe dy Cazaril folslein ta reapsein, klaaid yn fodden en skeind fan lichem en geast weromkeard yn it keninkryk Chalion, nei't er befrijd is fan 'e slavernij op 'e Roknaarske galeien. Hy hopet in plak te bemachtigjen yn 'e hofhâlding fan 'e âlde provincara-dûairiêre fan Baocia, wa har man oft er yn syn jonkheid as paazje tsjinne hat. Hy mient lykwols dat er yn syn hjoeddeiske skabeljeuze steat inkeld op wurk as kokenfeint rekkenje mei, wat foar him op dit stuit al in ûnbidige stap foarút wêze soe.

Deunby de stêd Valenda, syn bestimming, wurdt er steande holden troch in troep soldaten fan 'e Oarder fan 'e Dochter (ien fan 'e fiif goaden) en om it paad frege. Syn oanwizings wurde by fersin beleanne mei in goudene munt ynstee fan in koperenien. Cazaril is der frij wis fan dat de soldaat dy't dat goudstik ûntgloep, in feint stjoere sil om it by need mei geweld werom te foarderjen, dat hy siket beskûl yn wrakke âld wynmûne. Dêr treft er it lyk fan in begoedige keapman oan, mei by him de kadavers fan in rôt en in krie, bisten dy't hillich binne foar de Bastert (ien fan 'e fiif goaden), in teken dat de man deadetsjoenderij bedreaun hat. Sokke deadetsjoenderij, dêr't nimmen krekt wis fan is hoe't it wurket, easket às it wurket altiten twa slachtoffers: dejinge dy't men dea hawwe wol en jinsels. De keapman woe blykber in oar leaver dea hawwe as sels fierder libje. Cazaril helpt de boer op waans lân oft de âld mûne stiet om 'e boufal mei it lyk der noch yn te ferbaarnen en kriget yn ruil dêrfoar de kreaze klean fan 'e keapman mei.

Mei it goudstik fan 'e soldaat betellet er yn Valenda it waskjen fan 'e klean en in besyk oan 'e barbier en it badhûs. Neitiid meldt er him yn 'e keapmansdracht by de poarte fan it kastiel fan 'e provincara-dûairiêre, mar troch syn feroaring fan uterlik is er no by steat en fersykje om in audiïnsje mei de âlde frouwe sels. Dy ken him wer fan syn jierren as paazje, en Cazaril wurdt yn har hofhâlding opnommen. Oaren dy't diel útmeitsje fan dy hofhâlding binne de provincara har kastielwarder, de ser dy Ferrej, en dy syn tsjeppe dochter Betriz. Ek de provincara har dochter Ista en dy har bern Teidez en Iselle ferbliuwe op it kastiel fan Valenda. De as sljochtsinnich beskôge Ista is de royina-dûairiêre fan Chalion, de widdo fan 'e eardere roya (kening) Ias en de styfmem fan 'e hjoeddeiske roya Orico. Mei't Orico gjin bern hat, is syn fjirtjinjierrige healbroer Teidez syn erfgenamt. Teidez syn suster, de sechstjinjierrige royesse Iselle, is in opnimstich, foarlik fanke, miskien wol te opnimstich en foarlik as dat goed foar har is. Se driuwt har gûvernantes ta wanhope. De provincara kriget dan it lumineuze idee om Cazaril ta har siktaris anneks hûsûnderwizer te beneamen, yn 'e hope dat hy har wol de baas kin en om't it in maklik baantsje is dat hy yn syn hjoeddeiske skeinde steat wol oan kin.

Sa bringt Cazaril de maityd en de simmer troch op it kastiel fan Valenda. Hy mijt himsels wat en betteret dêrtroch stadichoan wat op. En hy ûnderrjochtet net allinne Iselle, mar ek Betriz, dy't har kammeraatske en hofdame is, yn talen, skiednis, rekkenjen en oare saken. Dêrby merkt er fan himsels dat er stadichoan fereale rekket op Betriz, mar hy hâldt him foar dat it ferskil yn âldens fiersten te grut is, mei't hysels al fiifentritich is en sy noch mar njoggentjin. De iennichste opskuor fynt plak as Cazaril syn âlde maat, de march dy Palliar, byneamd Palli, opdaagjen komt. Hy is alhiel feralterearre om Cazaril oan te treffen, mei't er dy al jierren dea waand hie. Se kenne inoar fan it belis fan Gotorget; Cazaril wie de kommandant fan it Chalioneeske garnizoen fan dat kastiel, wylst Palli syn ûnderbefelhawwer wie. Njoggen moannen lang ferdigenen se it tsjin 'e Roknaarske belegerders, oant se op 't lêst alle rotten opiten hiene en libbene skeletten wiene. Doe kaam it berjocht dat Martou dy Jironal, de kânselier fan Chalion, in ferdrach mei de Roknaren sletten hie wêrby't Gotorget oan 'e fijân oerdroegen wie. It Chalioneeske garnizoen moast him oerjaan en waard frijkocht, mar de namme fan Cazaril kaam op 'e list net foar. De Roknaren lieten him de list sjen: dy wie skreaun yn Dy Jironal syn eigen hanskrift. Cazaril wist doe wat der bard wie. Hy wie in jiermannich earder wat tefolle oan 'e weet kommen oer Martou syn folslein korrupte broer Dondo dy Jironal; en dit wie de manear fan 'e bruorren om fan him ôf te kommen. Cazaril kaam dêrnei op 'e galeien en oerlibbe dat mar nauwerneed. No is er hoegenamt net fan doel om 'e oandacht fan 'e Dy Jironals wer op him te fêstigjen, dat hy drukt Palli op it hert om him oer de saak stil te hâlden.

Oan 'e ein fan 'e simmer komt lykwols it berjocht út Cardegoss, de haadstêd fan Chalion, dat roya Orico syn healbroer en -suster oan syn hof ûntbiedt. Mei royesse Iselle moat dan ek Cazaril him nei it Zangre, it keninklik kastiel yn Cardegoss, bejaan; dat is it sintrum fan 'e macht yn Chalion en it lêste plak dêr't er wêze wol, mar syn miening wurdt fansels net nei frege. Ear't se út Valenda ôfsette, smeket royina Ista him om om har dochter te tinken, en Cazaril beswart har dat er Iselle mei syn libben ferdigenje sil. Ienris yn it Zangre oankommen, wurdt Cazaril al rillegau wer opmurken troch de bruorren Dy Jironal. Dondo blykt noch neat feroare te wêzen: in leechrinder sûnder skrupules, dy't him oerjout oan in libben fol drank en seks, en ûnderwilens safolle mooglik macht besiket yn te klauwen. Hy is daliks al net by royse Teidez, de troanopfolger, wei te slaan. Koarte tiid letter wurdt ser dy Sanda, Teidez syn troch de provincara oanstelde gûverneur, en de iennichste dy't besocht om him yn it Zangre op it rjochte paad te hâlden, deastutsen by in nachtlike strjitrôf yn 'e stêd. Foar Cazaril bestiet der gjin twifel oer dat Dondo derefter sit. Cazaril sels is tsjin dy tiid ek al it doelwyt wurden fan in gearspanning om syn posysje oan it hof ûnmooglik te meitsjen, mar troch Iselle har rislute yngripen is dat mei in skamper ôfrûn.

Underwilens komt Cazaril mear te witten oer de gong fan saken oan it Keninklik Hof. Roya Orico is in syklik man, dy't it grutste part fan 'e dei fersliept en it regear oerlit oan syn kânselier, Martou dy Jironal. In grut diel fan 'e oeren dat er wekker is, bringt de roya troch yn syn menazjery, mank bearen, gazellen, loaihoarsen, pappegaaien, sjongfûgels en oar bistespul. Cazaril kriget te hearren dat der in flok oer it keningshûs fan Chalion leit, en yn it ferlingde dêrfan oer it hiele lân. Twa generaasjes earder hie de Goudene Generaal, de grutste kriichshear dy't de Roknaren ea fuortbrocht hawwe, suver hiele Chalion ferovere, doe't roya Fonsa de Wize him mei it gebrûk fan deadetsjoenderij ûnder fuotten helle. (Dêrby kaam de roya sels uteraard ek om en sûnt dy tiid stiet er dan ek better bekend as Fonsa de Healwize.) De ûnferfolle lotsbestimming fan 'e Goudene Generaal wie lykwols sa grut dat it by syn dea oerrûn en as in swarte útwazeming fan ûngelok en bitterens oer Fonsa syn neiteam hinne kaam te lizzen. Dejinge dy't Cazaril dit alles fertelt, is de "stâlfeint" Umegat, dy't oer de menazjery giet, mar eins in hillige fan 'e Bastert is dy't mei it bistespul de ynfloed fan 'e flok weromkringt en Orico sa yn libben hâldt.

Lykwols is Orico gjin sûn man, en hy is maklik te beynfloedzjen. Dat docht ek wer bliken as er, ûnder ynfloed fan syn kânselier, syn healsuster Iselle beslút út te hylkjen oan Dondo dy Jironal, sûnder dat er har miening dêroer freget. Iselle, Cazaril en Betriz besykje alles dat se mar betinke kinne om dat houlik foar te kommen, mar neat slagget en Orico is net op oare gedachten te bringen. Einlings en te'n lêsten hellet Cazaril de jûns foar de brulloft it notysjeboekje foar 't ljocht dat er in healjier earder yn 'e klean fan 'e deade keapman yn 'e wynmûne fûn hat en dêr't dyselde yn koade syn eksperiminten mei deadetsjoenderij yn beskreaun hat. Nei't Cazaril de lêste side ûntsifere hat, docht bliken dat syn lêste eksperimint neat oars as ynmoedich gebed omfette. Cazaril betellet in paazje om in grouwe kastielrôt foar him te fangen (hy beart dat er ûnwennich is fan 'e smaak fan roastere rôt, dêr't er ûnder it belis fan Gotorget in foarleafde foar opdien hawwe soe) en fangt sels in krie dy't er al in hoartsje fuorre hie mei bôlekrommen. Hy offeret de bisten oan 'e Bastert en bidt dan dat Dondo dy Jironal stjerre mei. Hy kriget skriklike pinebúk en falt derhinne.