Seus (Aldgryksk: Ζεύς, Zeus, útspr.: [zdeṷs], likernôch "zdeeuws"; (modern Gryksk: Δίας, Días, útspr.: ['ði.as], likernôch "zias") is yn 'e Grykske mytology de oppergod dy't op 'e Olympus as kening oer de oare goaden regearret. Hy is ek de god fan 'e loft, de wjerljocht en tonger, de wet, oarder en it rjocht, en stiet bekend as Νεφεληγερέτα, Nephelēgereta, "Wolkenssamler". De namme Zeus komt etymologysk oerien mei de nammen fan ferskate goaden yn oare panteöns, wêrûnder it earste wurdlid fan 'e namme fan 'e Romeinske god Jupiter, mei wa't er meitiid sterk identifisearre waard.
Neffens de myten fan it âlde Grikelân is Seus de heit fan in grut part fan it Grykske panteön, en dêrnjonken, fia syn regelmjittige eroatyske eskapades, ek fan in grut tal healgoaden. Syn wichtichste attribút is de wjerljochtslach, dy't er op ôfbyldings gauris yn syn ûnderhelle rjochterhân hâldt. Ek wurdt er faak assosjearre mei de iik, de earn en de bolle. De ierste oerlevere fermelding fan Seus is yn Myseensk Gryksk yn it Lineêr B-skrift, en datearret út it twadde milennium f.Kr.
Namme Yn it Aldgryksk is Seus syn namme yn 'e nominatyf (of 1e namfal) Ζεύς, Zeus, mar ferbûcht syn namme yn 'e oansprekkende wiis ta Ζεῦ, Zeu; yn 'e genityf (of 2e namfal) ta Διός, Diós; yn 'e datyf (of 3e namfal) ta Διί, Dií; en yn 'e akkusatyf (of 4e namfal) ta Δία, Día. Dêrút kin de sibskip tusken Seus en bgl. it Frânske wurd foar "god", dieu, al opmakke wurde. Beide wurden geane werom op *Di̭ēus (of *Dyeus Phatēr, "Himelheit") de namme fan 'e Proto-Yndo-Jeropeeske god fan 'e deiloft, dy't yn 'e Sanskrityske Rgveda foarkomt as Dyaus Pita. De namme fan 'e Germaanske god Tyr (ek wol Tiu of Ziu) komt út deselde oarsprong en fanwegen de konneksje mei dei of deiljocht jildt itselde foar ús wurd "dei". Ferlykje fierders ek *Dyeus Phatēr mei de namme fan 'e Romeinske oppergod Jupiter. Seus is de iennichste god fan it Grykske panteön fan wa't de namme sa'n dúdlike etymology hat.
Domein Seus syn meast wêzentlike funksje yn it âlde Grikelân wie dy fan himelgod. De natoer yn al syn dwaan en litten wie oan him ûnderwurpen. Hy smiet mei wjerljochtslaggen, sammele wolkens en jage dy wer útinoar, en ek rein en snie liet hy falle. Ferbân dêrmei hold dat ferskate hege bergen as it ferbliuw Seus gouwen: de Ida op Kreta, de Lyseus yn Arkaadje, mar benammen de Olympus yn Tessaalje. Fierders leauden de Alde Griken dat Seus harren foartekens joech troch wjerljocht, tonger, reinbôgen en de flecht fan fûgels.
Al ier yn 'e skiednis, mooglik al yn 'e Myseenske tiid (1700-900 f.Kr.), ûntjoech Seus him ta de wichtichste god fan it Grykske panteön en rekken âldere goaden op 'e eftergûn. Fan dy tiid ôf waard er beskôge as de kening fan 'e goaden. Syn gemalinne Heara en de wichtichsten fan syn bern ferbleaune mei him op 'e Olympus en wiene ûnderhearrich oan him. Sa waard Seus net inkeld hearsker fan 'e natoer dy't datoangeande foar harmony soarge, mar ek tafersjochhâlder oer de maatskiplike oarder.
As kening fan 'e goaden wied er boppdat de patroan fan minsklike keningen en foarsten. Men leaude dat sokken harren macht oan it keningskip fan Seus ûntlienden en dêrom oan him ferantwurding skuldich wiene. Dêrút kaam fuort dat ek de wet en it rjocht oan Seus keppele wiene, saken dy't ommers it domein fan keningen binne. Hy wie in riejaande god en de hoeder fan folksgearkomsten. Ek wie hy de bewarder fan eden, dy't derop taseach dat de lju dy't by him sward hiene, har ek oan har ûnthjitten holden. Yn it ferlingde fan syn rol as kening fan 'e goaden wie Seus ta einbeslút ek haad fan 'e húshâlding, en hied er in alter op it binnenplak fan grutte wenten.
Attributen As tongergod wie Seus syn symboal de wjerljochtslach, en mei dy yn 'e ûnderhelle rjochterhân is er dan ek faak ôfbylde. Dêrút kaam ek de assosjaasje mei de earn fuort, mei't dy fûgel yn it âlde Grikelân as in symboal fan 'e wjerljocht sjoen waard. Ek de ikebeam, in symboal foar krêft, wie mei Seus ferbûn, en krektlyk de bolle, in bist dêr't er himsels yn in myte yn feroare. Ek waard er wol ôfbylde mei in skepter, it symboal foar keninklike macht. It skyld fan Seus hiet de Aigis, in machtich wapen, dat er yn 'e myten brûkt om syn fijannen benaud te meitsjen.
Myten oer Seus Berte Seus syn âlden wiene Kronos en Reä, twa fan 'e tolve titanen, in goadeskaai besteande út 'e soannen en dochters fan 'e himelgod Uranus en de ierdgoadinne Gaia, dat de Grykske wrâld regearre foar't de Olympyske goaden de macht griepen. Kronos, de god fan 'e tiid (ekwifalint oan 'e Romeinske Saturnus), sette by Reä ferskate bern oan, wêrûnder Hestia, Demeter, Heara, Hades en Poseidon, mar om him derfan te bewissigjen dat se him nea nei de kroan stekke koene, friet er harren op sadree't se berne wiene.
Kronos hie nammentlik in profesij heard dat er troch syn soan ûnder fuotten helle wurde soe, krekt sa't hysels syn eigen heit Uranus ûnder fuotten helle hie. Doe't Seus op it punt stie om berne te wurden, woe Reä him rêde fan it lot fan syn bruorren en susters, en mei help fan Gaia betocht hja in plan om dat te dwaan. Hja befoel fan Seus yn in grot (de saneamde 'Grot fan Seus') op 'e berch de Ida op it eilân Kreta. Neitiid lange hja in stien mei in ruft deromhinne oan Kronos oer, dy't dy fuortendaliks trochslokte.
Jonkheid Der besteane útinoar rinnende myten oer wat der mei Seus barde nei't er te wrâld kommen wie yn 'e grot op 'e Ida: Hy waard dêrnei grutbrocht troch syn beppe Gaia. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in geit dy't fan Amalteä hiet, wylst in stikmannich mindere goaden oanhâldend omdûnse, skreaude en mei harren spearen op harren skylden sloech sadat Kronos de poppe net gûlen hearre soe. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in nimf dy't fan Adamanteä hiet. Om't Kronos hearske oer de Ierde, de himel en de see, ferskûle hja de poppe troch him oan in tou yn in beam te hingjen, sadat er noch ierde, noch himel, noch see oanrekke en dus ûnsichtber wie foar syn heit. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in nimf dy't fan Kynosoera hiet. Ut tank pleatste Seus har neitiid mank de stjerren. Hy waard dêrnei grutbrocht troch de nimf Melissa, dy't him geitemolke en hunich te iten joech. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in famylje fan skiephoeders, yn ruil foar it ûnthjit dat gjin inkele wolf harren skiep noch tenei komme soe.
Lettere dieden Nei't er folwoeksen wurden wie, twong Seus Kronos om 'e stien mei de ruft om út te koarjen. Dy saneamde Omfalos sette er del te Pyto as in teken foar de stjerlike minsken. Dêrnei moast Kronos al Seus syn bruorren en susters wer opjaan yn omkearde folchoarder fan dy wêryn't er harren trochslokt hie. Yn guon ferzjes fan it ferhaal koarre Kronos syn bern net út mar snie Seus him de búk iepen.
Neitiid befrijde Seus ek syn omkes, Kronos syn bruorren, de giganten, de hekatoncheiren en de syklopen, út harren tsjerker yn 'e skimige ûnderwrâld Tartarus, wêrby't er harren sipier, Kampe, om hals brocht. As tank dêrfoar bejeftigen de syklopen him mei de tonger en de wjerljochtslach, dy't Gaia foar Kronos ferburgen holden hie. Mei syn bruorren, susters en omkes helle Seus dêrnei Kronos en de oare titanen ûnder fuotten yn in striid dy't bekendstiet as de Titane-oarloch of de Titanomachy. De fersleine titanen waarden foar straf yn Tartarus smiten, útsein Atlas, dy't twongen waard om tenei it himelferwulft op syn rêch te dragen.
Nei ôfrin fan 'e Titane-oarloch ferdielden Seus en syn bruorren Poseidon en Hades de wrâld troch lotten te lûken: Seus krige de loft, Poseidon it wetter en Hades de ûnderwrâld dêr't de stjerliken nei har dea bedarren. De oerâlde ierde sels koe net ferparte wurde, en wie dêrom fan alletrije bruorren. (Sadwaande hie bgl. Poseidon behalven oer de see ek sizzenskip oer ierdbevings.) Syn beppe Gaia mocht der net oer hoe't Seus de titanen behannele wie, dy't úteinlik har eigen bern wiene. Dêrom moast Seus al rillegau nei de Titane-oarloch de striid oangean mei guon fan Gaia har oare bern, de meunsters Tyfon en Echidna. Hy fersloech beide en sette Tyfon finzen op Sisylje, ûnder de Etna, mar Echidna en har bern liet er fierder gewurde.
Oarehelte en bern Seus syn gemalinne wie syn folle suster Heara, dy't út 'e myten nei foarren komt as rjochtlinich, freeslik oergeunstich en frijwol folslein ûnsympatyk, al spilet dêrby grif in rol dat de myten troch manlju betocht en oerlevere waarden. Seus sette by har de oarlochsgod Ares, Hebe, de goadinne fan 'e jonkheid, en de godlike smid Hefaistos oan, al wolle guon myten hawwe dat Heara har bern sûnder manlike help produsearre. Soms wurde ek Eileityia, de goadinne fan 'e berte, en Earis, de goadinne fan 'e twaspjalt, as harren dochters sjoen.
Dat Heara oergeunstich wie, hie in goede reden, want Seus bedreach har allegeduerigen. By de goadinne Leto, út it skaai fan 'e titanen, sette er in twilling oan: Artemis, goadinne fan 'e jacht, en Apollo, de god fan 'e skiene keunsten. Syn eigen suster Demeter skonk him de goadinne Perséfoné, dy't letter mei Hades troude en keninginne fan 'e ûnderwrâld waard. De nimf Maia, de dochter fan 'e titaan Atlas, waard de mem fan Seus syn soan Hermes, de godlike boadskipper. De Grykske goadinne fan 'e wiisheid en wittenskippen, Pallas Atene, soe neffens de bekendste myte op wûnderbaarlike wize út 'e holle fan Seus berne wêze sûnder dat dêr in froulike partner oan te pas kaam, mar in oar ferhaal wol hawwe dat har mem de titaanske goadinne fan 'e wiisheid Metis wie. Fierders soe Seus by de titaanske goadinne Dione de leafdesgoadinne Afrodite oanset hawwe, hoewol't dy neffens in âldere myte by Syprus út it seeskom opriisde. Manlike leafde wie ek in gegeven foar Seus. It wurdt sein dat er in relaasje hie mei Ganymedes.
Mar fral Seus syn feroverings ûnder stjerlike prinsessen binne ferneamd, al kin hjir foar 'ferovering' ek gauris ferkrêfting lêzen wurde, as men de myten letterlik nimt. Sa waard de prinsesse Europa troch Seus ûntfierd yn 'e foarm fan in bolle, en skonk neitiid it libben oan in seis soannen, wêrûnder de heal-mytyske kening Minos fan Kreta. De healgod Perseus sette Seus oan by de hermetysk opslettene Argioatyske prinsesse Danaé, doe't er yn 'e foarm fan in striel gouden ljocht de leafde mei har bedreau. Seus syn leaflingssoan wie de healgod Hearakles (latinisearre foarm: Herkules), dy't er oansette doe't er Perseus syn pakesizzer Alkmene (syn eigen oerpakesizzer dus) ferlate yn 'e foarm fan har man Amfitryon.
List fan neiteam fan Seus Godlike neiteam mem bern Afrodite mooglik Tyche Aiga Aigipan Ananke of Temis de Moirai of skikgoadinnen Atropos Kloto Lachesis Demeter Perséfoné Dione of Talassa Afrodite Earis Limos Eurynome, Eurydome, Eurymedûsa of Euante de Charites of graasjes Agleä Eufrosyne Talia Gaia Manes Heara Angelos Ares Earis Eileitya Hebe Hefaistos Leto Apollo Artemis Maia Hermes Metis of gjinien Pallas Atene Mnemosyne de muzen (oarspronklik trije) Aoide Melete Mneme de muzen (letter njoggen) Erato Euterpé Kalliopé Klio Melpomené Polyhymnia Talia Terpsichoré Urania Nemesis Helena fan Troaje (mooglik) Perséfoné Melinoé Sagreus Selene Ersa de Nemeeske Liuw Pandia Talia Palisy Temis Astreä de nimfen fan Eridanos Nemesis de Horai 1e generaasje Aukso Karpo Tallo 2e generaasje Diké Eirene Eunomia 3e generaasje Ferûsa Eupory Ortosy Adikia Eos Karaé mem ûnbekend Aleteia mem ûnbekend Ate mem ûnbekend Kairus mem ûnbekend Litai
Godlike neiteam mem bern Aigina Aiakus Damokrateia Alkmene Hearakles Antiopé Amfion Setus Anaksiteä Olenus Asteropé Akragas Chaldene Milye Solymnus Danaé Perseus Dia Piritûs Elara Tityos Elektra Dardanus Harmonia Iasion Europa Alagonia Dodon Karnus Minos Radamantus Sarpedon Eurymedûsa Myrmidon Euryodeia Arsesius Himalia Kytos Kronios Spartaios Ideä Kres Iodamé Tebe Io Epafus Keroissa Isonoé Orchomenus Kallisto Arkas Kalyké Aitlius (mooglik) Kallirhoé ûnbekend Karme Britomartis Kassiopeia Atymnius Lamia Achilleus Herofilé Laodamia Sarpedon Leda Helena fan Troaje Kastor