De hillige paus Linus (±10 – Rome, 76) wie tusken 67 en 76 de twadde paus.
Linus wurdt beskôge as de opfolger fan Petrus as biskop fan Rome. Irenaeus fan Lyon beskôget Linus as deselde persoan as dy dêr't de apostel Paulus it oer hat yn 2. Timoteüs 4:21. Under syn pontifikaat waarden de earste 15 biskoppen beneamd. Paus Linus kaam út de regio Tuskia, in histoaryske goa yn Italië.
Eusebius skriuwt dat Linus tolve jier biskop fan Rome west hat (fan sa'n 66 oant 78).
Neffens de Liber Pontificalis ('it Boek fan Pausen') soe er de marteldea stoarn wêze: Martyrio coronatur, wis is dat lykwols net.
De Roomsk-katolike Tsjerke ferearret him as hillige; syn feestdei is 23 septimber. Neffens de offisjele pauslist fan it Fatikaan wie er paus fan 67 oant 76.
Kategory:Romeinsk biskop Kategory:Roomsk-katolyk biskop Kategory:Paus Kategory:Romeinsk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Eastersk-otterdoks hillige Kategory:Eastersk-katolyk hillige Kategory:Koptysk-otterdoks hillige Kategory:Syrysk-otterdoks hillige Kategory:Armeensk-otterdoks hillige Kategory:Persoan berne yn 10 Kategory:Persoan stoarn yn 76