Fargo, stichte yn 1871, is de grutste stêd (city) yn de steat Noard-Dakota yn it Midwesten fan de Feriene Steaten, en is it haadplak fan Cass County. Fargo leit oan de Red River of the North, yn de Red River Valley oan de eastgrins mei de steat Minnesota.
Demografy ûntjouwing ynwennertal 1960 – 47.000 1970 – 53.365 1980 – 61.383 1990 – 74.084 2000 – 90.599 2010 – 105.549
Ekonomy Fargo hat yn tige fariearre en robúste ekonomy. Fanâld spylje agraryske bedriuwen in wichtige rol. Green Eco Mobility, in dochter fan Chrysler, makket auto's. Microsoft en Intelligent InSites hawwe ek festigings yn Fargo. Dêrneist profitearret it plak fan de tychteby lizzende oaljefjilden.Hélène Schilders (11 april 2009): Gewoon slim geld uitgegeven, Elsevier, s. 40. Ek North Dakota State University docht sines ta de ekonomy fan Fargo.
Ferneamde lju út Fargo Clark Blaise, Kanadeesk skriuwer Paul Brandvik, komponist, dirigint en muzykpedagooch Jocelyn Burdick, FS-senator Harvey Carignan, searjemoardner William Gass, skriuwer en heechlearaar filosofy Charlie Korsmo, akteur Jonny Lang, blues- en bluesrockmuzikant Leslie Stefanson, aktrise David Lee Thompson, byldhouwer, dichter Bobby Vee, Rock 'n' Roll- en popsjonger
Keppeling om utens Geology Fargo, Noard-Dakota
Kategory:Plak yn Noard-Dakota Kategory:Plak stifte yn 1871