A Civil Campaign is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. It is in romantyske komeedzje, dy't yn 'e rige oer it libben fan 'e lichaamlik beheinde haadpersoan Miles Vorkosigan daliks folget op it folle swiersettiger Komarr. Yn it hilaryske A Civil Campaign fiert Miles in útprakkesearre kampanje om 'e begearlike Ekaterin foar him te winnen, wat troch syn eigen selsfoldienens en de bemuoienissen fan syn aparte famyljeleden en freonen nuver beteart. It boek waard foar it earst útjûn yn 1999 en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.

Eftergrûn A Civil Campaign is eins it twadde part fan in twalûk wêrfan't Komarr it earste diel is (hoewol't beide boeken sûnder in protte beswier los faninoar lêzen wurde kinne). Bujold woe it hiele ferhaal fan 'e earste serieuze românse fan har populêre personaazje Miles Vorkosigan, dy't yn it grutste part fan The Vorkosigan Saga de haadrol spilet, oarspronklik yn ien boek behannelje, mar seach dêr fanôf fanwegen de toansetting. Komarr is nammentlik in romantysk drama, wylst A Civil Campaign krekt in romantyske komeedzje is. Yn it neiwurd fan 'e omnibus Miles in Love hâldt Bujold út dat sels sy net skizofrenernôch is om sokke ferskillende subsjenres yn ien en deselde roman gear te tropjen. Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles in Love, s. 859.

Mei't yn A Civil Campaign de langferwachte brulloft fan keizer Gregor fan Barrayar plakfynt, wie de wurktitel lange tiid ImpWed (in ôfkoarting fan Imperial Wedding, "Keizerlike Brulloft"), wat in wurdboarterij foar insiders is op 'e Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec (in ôfkoarting fan Imperial Security, "Keizerlike Feilichheidstsjinst", sis mar "KeizFeil"; dus ImpWed kin oerset wurde as "KeizBrul"). Mar sa'n titel wie fansels oan it grutte publyk net bestege. Op it langelêst rette Bujold har freon Mike Ford har de titel Rules of Engagement oan, mar doe die bliken dat de skriuwster Elizabeth Moon al in roman mei dyseldichste titel by Baen Books yn 'e piiplieding hie. Uteinlik betocht Bujold sels de titel A Civil Campaign, dat sawol "In Boargerlike Fjildtocht" as "In Hoflike Fjildtocht" betsjutte kin. Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles in Love, s. 860-861.

De (úteinlike) titel fan A Civil Campaign is in ferwizing nei it boek A Civil Contract fan 'e njoggentjinde-iuwske Ingelske skriuwster Georgette Heyer, fan wa't Bujold in grutte fan is. Bujold neamt Heyer ek yn 'e mande mei Charlotte Brontë, Dorothy L. Sayers en Jane Austen as har grutste ynfloeden by it skriuwen fan A Civil Campaign, al is hàr boek net inkeld romantysk mar dêrnjonken ek komysk mei hjir en dêr in úthaal nei klearebare hilariteit ta. Bujold seit dêroer: "Wat bart der mei twa sjenres wêrfan't beweard wurdt dat se net te mingen binne, as je se tegearre yn in flesse stopje en dy ris goed skodzje?" Bujold, Lois McMaster, Afterword, yn 'e omnibus Miles in Love, s. 860.

A Civil Campaign is skreaun yn it personele perspektyf fanút it gesichtspunt fan twa en in heal pearke (fiif persoanen), te witten Miles Vorkosigan; Ekaterin Vorsoisson, dy't Miles syn begearen is; Miles syn kloan-broer Mark Vorkosigan; Mark syn freondinne Kareen Koudelka; en Miles syn loaibûse fan in neef Ivan Vorpatril. A Civil Campaign waard foar it earst útjûn troch útjouwerij Baen Books yn 1999. It makke yn 2008 diel út fan 'e omnibus Miles in Love (in titel dy't de skriuwster oernaam fan 'e Hollywood-film Shakespeare in Love), yn 'e mande mei syn oarehelte Komarr en de nau besibbe novelle Winterfair Gifts.

Plot Yn Komarr wie Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde mar oerenerzjike haadpersoan fan it grutste diel fan The Vorkosigan Saga, by in ûndersyk nei it romteûngemak dat er útfierde yn syn hoedanichheid fan ryksauditeur, yn 'e kunde kommen mei Ekaterin Vorsoisson, op wa't er smoarfereale waard. Yn A Civil Campaign set Miles dêrom, tsjin 'e eftergrûn fan 'e neieroan kommende brulloft fan 'e Barrayareeske keizer Gregor en dy syn Komarraanske ferloofde Laisa Toscane, útein mei in útprakkesearre kampanje om Ekaterin it hof te meitsjen, dy't er plent as wie it militêre fjildtocht. Om't se pas koartby widdo wurden is (sij it nei in ûngelokkich houlik), liket it him net foechsum ta en kom daliks al mei syn bedoelings foar 't ljocht. Mar oan 'e oare kant kin er ek net te lang wachtsje, want trochdat op Barrayar likernôch tritich jier lyn de technology foar it earst beskikber kaam om it geslacht fan in poppe yn 't foar te bepalen, en âldelju yn 'e militaristyske Barrayareeske kultuer leaver soannen as dochters hiene, is de man-frouferhâlding yn Miles syn generaasje 5:3. Dat foar in kreaze jonge widdo as Ekaterin binne der grif oare kapers op 'e kust.

Ien dêrfan is bygelyks Miles syn kreaze, atletysk boude neef Ivan, en al is dat in resolute frijgesel dy't net serieus op 'e sneup is nei in houlikspartner, dochs sjocht Miles him as in bedriging mei't Ivan tige súksesfol yn 'e leafde is en de iene freondinne nei de oare ferslyt. Dêrom ûntfytmannet er him syn earewurd dat er Ekaterin gewurde litte sil. Fierders makket er Ekaterin, wa har grutte leafde túnarsjitektuer is, wiis dat er in liddich stik grûn hat dêr't er eins al jierren in tún hawwe wol en soe sy dy net foar him ûntwerpe kinne? It liket Miles in masterset ta: sa helpt er har op 'e gleed mei de karriêre fan har dreamen, wylst er har ûnderwilens wat jildlike stipe tastopje kin sûnder dat it leafdiedichheid liket en boppedat jout it him in ferlechje om har eltse dei te moetsjen en op dy manear de konkurrinsje foar te bliuwen.

Dy konkurrinsje komt trouwens al rillegau opsetten, want Ivan, dy't lulk is oer de wize wêrop't Miles him syn earewurd ôfhandich makke hat, lit op it haadkertier Operaasjes fan 'e Barrayareeske Striidkrêften, dêr't er wurket, hjir en dêr Ekaterin har namme falle yn it gehoar fan ofsieren dy't om in frou ferlegen sitte. Fral luitenant Alexi Vormoncrief, in drûchbrea sûnder ienich ynlibbingsfermogen yn froulju, grypt dy kâns mei beide hannen oan en stjoert al gaueftich in baba, in tradisjonele Barrayareeske keppelster, op Ekaterin ôf om harren houlik te beävensearjen — in útstel dat Ekaterin rislút fan 'e hân wiist.

Underwilens komme Miles syn kloan-broer Mark en dy syn freondinne Kareen Koudelka thús nei in jier studearre te hawwen op 'e progressive planeet Bêta Koloanje. Mark hat dêr njonken syn stúdzje teffens psychoterapy ûndergien (dy't op Barrayar net beskikber is) foar de mishannelings út syn jonkheid troch de Komarraanske terroristen dy't him grutbrocht hawwe (sjoch: Brothers in Arms). Boppedat binne hy en Kareen dêr minners wurden. Mar hoewol't frije leafde op Bêta Koloanje hiel gewoan is, leit it op it konservative Barrayar, dêr't Kareen wer by har âldelju ynlûkt, noch hiel gefoelich. Kareen ûndekt fierders dat har heit en mem, better bekend as Kou en Drou, finansjeel oan 'e grûn sitte en net, sa't sy hope hie, bydrage kinne oan in folgjend stúdzjejier op Bêta Koloanje.

Mark hat ûnderweis nei Barrayar in sawol saaklike as medyske tuskenstop makke op Escobar, dêr't er de geniale mar betize wittenskipper dr. Enrique Borgos mette. Borgos stie doe op it punt om it tichthús yn te draaien fanwegen frauduleuze praktiken (hy hie foar 580% fan syn bedriuw oandielen útjûn), mar Mark, dy't in noas hat foar winstjaande saken, hat him fan 'e planeet smokkele en meinommen nei Barrayar. Borgos, in genetikus, is nammentlik de skepper fan 'e saneamde "bûterbistkes", ûnsjogge ynsekten dy't alderhanne biomatearje frette en dêrfan in diel wer opkoarje yn 'e foarm fan "bistkebûter" (of "toarrekoarre", sa't Miles it neamt), dat as basis tsjinje kin foar de meast útinoarrinnende gerjochten. Mark freget Kareen, dy't om in baantsje ferlegen sit wêrmei't se jild fertsjinje kin foar har kommende stúdzjejier, om 'e assistinte fan dr. Borgos te wurden, mei't de man net los fertroud is. Al syn jild sit lykwols fêst yn syn sakeûndernimmings, dat dêrom makket er Kareen in partner yn 'e bûterbistke-business.

Underwilens binne der yn 'e Barrayareeske haadstêd Vorbarr Sultana ferskate politike yntriizjes geande. Sa is koartby ûntdutsen dat greve René Vorbretten, in freon en politike bûnsgenoat fan 'e Vorkosigans, foar in achtste part Cêtagandysk bloed hat; syn oerbeppe hat blykber ûnder de Cêtagandyske besetting, tachtich jier lyn, in groebeltsje makke. Dat betsjut dat de 7de greve Vorbretten, René syn pake, net de soan wie fan 'e 6de greve Vorbretten, en op Barrayar, dêr't alle erfopfolging troch de manlike line rint, is dat in probleem. René Vorbretten wurdt no it greefskip bekreaud troch Sigur Vorbretten, in direkte ôfstammeling fan 'e jongere broer fan 'e 6de greve.

In twadde greefskip wêrfan't de opfolging yn 'e kiif stiet, is dat fan 'e Vorrutyers. Greve Pierre Vorrutyer kaam in fearnsjier lyn hommels te ferstjerren, en mei't dyselde gjin bern hie, waard it greefskip opeaske troch Richars Vorrutyer, de âldste soan fan Pierre syn âldste omke, in groubloedige rotsak dy't nimmen lije mei. Lykwols, Pierre syn suster Donna, in al trijeris skieden femme fatale dy't de lêste fiif jier it deistich bestjoer fan it Vorrutyer-distrikt foar har broer regele hat, frege daliks nei Pierre syn dea in moasje fan beletsel tsjin Richars oan en sette dêrop halje-trawalje en mei in ûnbekend doel ôf nei Bêta Koloanje. No komt se werom en har neef Byerly "By" Vorrutyer, dy't bekend stiet as in folsleine liddichgonger mar dat net is, freget Ivan mei om har ôf te heljen op 'e shuttlehaven. Dat hoecht Ivan, dy't tsien jier lyn in amûrette mei Donna belibbe hat en der no nei útsjocht om dy relaasje te ferfetsjen, net twaris sein te wurden. Mar op 'e shuttlehaven docht bliken dat Donna nei Bêta Koloanje gien is om in geslachtsferoaringsoperaasje te ûndergean en ta Ivan syn ôfgriis is it net de wielderige Donna dy't weromkomt, mar in burdige keardel dy't himsels Dono neame lit en dy't wisberet is om greve Vorrutyer te wurden.

Miles hat ûnderwilens noch altyd Ekaterin net oer syn bedoelings ferteld, al wit sa stadichoan fierders eltsenien yn syn om-en-by dat er úteinlik mei har trouwe wol. Mar hy wachtet oant de timing persiis goed wêze sil om der tsjin harsels oer te begjinnen. Ekaterin, oan 'e oare kant, fielt har wol oanlutsen ta Miles, mar hat harsels derfan oertsjûge dat er it net echt miende doe't er (oan 'e ein fan Komarr) syn gefoelens foar har blike liet, om't er der sûnt neat mear oer sein hat.