Mearkes fan Grimm is de namme fan 'e Fryske oersetting fan 'e saneamde Kleine Ausgabe ("Lytse Utjefte") fan 'e Kinder- und Hausmärchen fan 'e bruorren Grimm. It is in blomlêzing fan Dútske mearkes dy't foar it earst publisearre waard yn 1825, mei't de gruttere samling fan 1812 as foarlêsboek net foldie, yn it foarste plak om't it mei 211 ferhalen in te wiidweidich (en dus te djoer) wurk wie en oard om't in grut tal fan 'e "bernemearkes" út noch yn net gaadlik wiene foar bern, mei't se fiersten te bluodderich of te grizelich wiene. De Lytse Utjefte, lykwols, waarden tusken 1825 en 1858 tsien printingen fan útferkocht. De Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema kaam út yn 2012 en omfettet 50 mearkes, mei dêrûnder klassikers lykas Hâns en Grytsje, Jiskepûster, Readkapke, Toarnroaske en Sniewytsje.

Mearkes De Kikkertskening of Izeren Hindrik It Bern fan Maria Mearke fan Ien Dy't Derop Utgie om Grizeljen te Learen De Wolf en de Sân Geitsjes Trouwe Jehannes De Knappe Hannel De Tolve Bruorren It Boevefolk Broerke en Suske De Trije Mantsjes yn 'e Bosk De Trije Spinsters Hâns en Grytsje Fan 'e Fisker en Syn Frou 20px De Fisker en Syn Frou (Hylperske ferzje; fert. Gosse Blom) Jiskepûster Frou Holle De Sân Ravens Readkapke De Bremer Stedsmuzikanten Snoade Elske Dúmke Tomke Set de Wrâld yn Fitsers Fûgel (minder gaadlik foar bern fanwegen wredens) De Jeneverbeam (minder gaadlik foar bern fanwegen wredens) right|thumb|300px|Monumint foar de bruorren Grimm op it merkplein fan Hanau, yn Hessen. Toarnroaske Fûnfûgel Kening Klysterburd Sniewytsje Oegemantsje De Hûn en de Mosk Freark en Katerliskje Bûntepels Jorinde en Joringel Fan 'e Dea fan it Hintsje Hâns Lok De Earme en de Rike De Guozzefaam De Tûke Boeredochter Dokter Wital It Winterkeninkje en de Bear Snoad Folk Slangeteltsjes De Earme Moolnersjonge en it Katsje De Joad yn it Toarnboskje (miskien minder gaadlik foar bern fanwegen de antysemityske toansetting) It Snoade Skroarke De Fjouwer Keunstfeardige Bruorren Ieneachje, Twaeachje, Trije-eachje De Wite en de Swarte Breid De Trije Loaikerts De Stjerredaalders Sniewytsje en Roazerea

Fryske oersetting De Fryske oersetting fan 'e Lytse Utjefte ferskynde yn 2012 ûnder de titel Mearkes fan Grimm by Utjouwerij Bornmeer op 'e Gordyk, mei stipe fan 'e Boersma-Adema Stichting, it Pot-Cuperus Fûns (yn behear by de Stichting Frysk Akademyfûns), it Feitsma Fûûns fwar it Frysk, de Stifting FLMD, de Douwe Kalma Stifting, de Ottema-Kingma Stichting en de provinsje Fryslân. De Fryske fertaling en it ynformative foaropwurd binne fan 'e hân fan Anne Tjerk Popkema, en der binne yllustraasjes tafoege fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn. It mearke De Fisker en Syn Frou is sawol yn it Standertfrysk tafoege, as yn in Hylperske oersetting fan Gosse Blom. Yn it foaropwurd leit Popkema út dat keazen is foar de titel Mearkes fan Grimm, om't De Mearkes fan Grimm ymplisearje soe dat it in oersetting fan 'e folslein Kinder- und Hausmärchen wie.

Oare oersettings Mearkes fan Grimm is it earste diel yn in rige Grimm-oersettings yn lytse talen mei deselde foarmjouwing en yllustraasjes. Yn 2015 kaam der fan 15 mearkes in oersetting yn it Biltsk út, ûnder de titel Sprokys fan Grimm."Sprokys fan Grimm" in het Bildts, yn: de Ljouwerter Krante, 6 novimber 2015. Yn 2016 folge in ferzje mei 23 mearkes yn it Stellingwerfsk dy't Sprokies van Grimm hjit., Sprokies van Grimm verschienen in et Stellingwarfs, yn: De Woudklank, 10 maart 2016. Fan doe ôf binne allinne wer útjeften mei alle 50 mearkes ferskynd: yn 2016 kaam Grunneger Grimm út yn it Grinslânsk. Yn 2018 folgen Teelen faan Grimm, 50 mearkes yn de Noardfryske dialekten, en ek Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys, 50 mearkes yn de sân Stedske dialekten.

Kategory:Literêr wurk fan de bruorren Grimm Kategory:Mearkebondel Kategory:Dútsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 1825 Kategory:Ferhalebondel út 2012 Kategory:Fryske oersetting