Lucy Stone (West Brookfield, Massachusetts, 13 augustus 1818 – Dorchester, 19 oktober 1893) wie in foaroansteand Amerikaansk abolisjoniste, publisiste en suffrazjette. Yn 1847 wie Stone de earste frou út Massachusetts dy't in universiteitsgraad helle. Sy spruts har út foar frouljusrjochten en tsjin slavernij yn it in tiid dat it froulju ûntmoedige of ferbearn waard yn it iepenbier te sprekken. Hja wie ek de earste frou yn de Feriene Steaten dy't har famkesnamme oanhold nei har houlik.

Sitaat 'Wat haw ik deroan wol stimme te meien, eigendom hawwe te meien ensafuorth., at ik gjin eigen baas oer myn lichem en syn funksjes wêze kin?' Lucy Stone, 1855.

Literatuer : Friends and Sisters: Letters between Lucy Stone and Antoinette Brown Blackwell, 1846-1893. University of Illinois Press 1987, ISBN 0-252-01396-4 : Loving Warriors: Selected Letters of Lucy Stone and Henry B. Blackwell, 1853 to 1893. 1981

Kategory:Amerikaansk aktivist Kategory:Frouljusrjochte-aktivist Kategory:Amerikaansk feminist Kategory:Suffrazjette Kategory:Amerikaansk abolisjonist Kategory:Amerikaansk minskerjochte-aktivist Kategory:Persoan berne yn 1818 Kategory:Persoan stoarn yn 1893