De Bocht fan Gdańsk (Poalsk: Zatoka Gdańska; Dútsk: Danziger Bucht; Kasjûbysk: Gduńskô Hôwinga), ek wol Golf fan Gdańsk, is de baai benoarden Gdańsk dêr't ûnder oaren de Wisła en har sydrivieren yn útmûnje. De ynholte leit yn it súdeasten fan de Eastsee, mar wurdt dêrfan skieden troch it skiereilân Hel.
Ek yt Wislahaf wurdt der ta rekkene: it haf leit súdeastlik fan it oarepart fan de Bocht fan Gdansk.
De Bocht fan Gdańsk krige syn namme fan de stêd Gdańsk, dy't oan de súdwestigge leit. Benoarden dêrfan leit de seehaven Gdynia.
Kategory:Eastsee Kategory:Baai yn Poalen Kategory:Baai yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Baai fan de Atlantyske Oseaan