thumb|Jean de La Fontaine Jean de La Fontaine (Château-Thierry (Opper-Frankryk), 8 july 1621 — Parys, 13 april 1695) wie in klassisistysk Frânske skriuwer en dichter, dy't fral ferneamd waard fan syn fabels. Hy wie yn de 17e iuw ien fan de meast lêzen dichters yn Frankryk.
Biografy Oer La Fontaine syn jonkheid is net folle bekend. Hy wie in soan fan in begoedige houtfester. De famylje hearde ta de hege middelklasse. Hy soe rjochten studearre hawwe. Nei syn 30e begûn syn literêre karriêre. Op in stuit kaam er yn oerheidstsjinst en hâlde er geregeldwei hieltyd mear yn Parys ta. Doe't er yn tsjinst kaam fan de hartoginne fan Bouillon en Anna fan Montpensier, hartoginne fan Orléans, waard er sels adele. Hy hie doe al in tal wurken op syn namme brocht.
De La Fontaine waard 1683 lid fan de Académie française.
Hy stoar yn Parys, dêr't er beïerdige waard op it begraafplak fan de Unskuldigen (yn 1786 sletten, lei op it plak dêr't no de Place des Innocents is). Syn grêfstien stiet lykwols op begraafplak Père Lachaise yn Parys.
Wurk thumb|Titelside, fol. 2 fan La Fontaine's Fables choisies, edysje 1692 Jean de La Fontaine waard fral ferneamd mei syn fabels, mar hy hat ek in tal ferhannelingen skreaun dêr't ien fan as frijwat antiklerikaal beskôge waard en in polemyk feroarsake.
La Fontaine wie in klassisist. Hy helle de ynspiraasje foar syn fabels meast út de klassike âldheid, lykas Aesopus en Phaedrus, mar ek út de Yndiaaske literatuer: de Pañcatantra.
Ien fan syn meast ferneamde fabels is "la cigale et la fourmi" ('it imerke en de eamel') oer in keunstsinnich imerke in simmer lang in drok arbeidzjende eamel mei syn sjongerij fermakket, wêrnei't de eamel it ferpoft om de sjonger dêrfoar te leanjen. Hoewol't La Fontaine mei it ferhaal it bytsje wurdearring foar keunstners feroankleie woe, waard it ferhaal letter meast brûkt as yllustraasje fan it idee "wa't net wurket, sil ek net ite".
In oare ferneamde fabel is "le corbeau et le renard" ('de raven en de foks'), wêryn't it in foks mei moaie praatjes en sjerpsmarren slagget in tsiis fan in raven te stellen. De moraal fan de fabel is "dat flaaiers libje ta skea fan dejinge dy't harket".
L'Eunuque, 1654 Adonis, publisearre yn 1669 Les Rieurs du Beau-Richard, 1659 Élégie aux nymphes de Vaux, 1660 Ode au roi, 1663 Contes, 1665, 1666, 1671, 1674 Fabels 1668, 1678, 1693 Les Amours de Psyché et de Cupidon, 1669 Recueil de poésies chrétiennes et diverses, 1671 Poème de la captivité de saint Malc, 1673 Daphné, 1674 Poème du Quinquina, 1682 Ouvrages de prose et de poésie, 1685 Astrée, 1691
Keppelings om utens musee-jean-de-la-fontaine.fr, It museum is it bertehûs fan La Fontaine yn Château-Thierry
Kategory:Frânsk romanskriuwer Kategory:Frânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frânsk mearkeskriuwer Kategory:Frânsk berneboekeskriuwer Kategory:Frânsk dichter Kategory:Lid fan de Académie française Kategory:Persoan berne yn 1621 Kategory:Persoan stoarn yn 1695