Borders of Infinity (net te betiizjen mei de novelle The Borders of Infinity) is in bondel fan trije science fiction-novelles fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. Hy makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje. De bondel Borders of Infinity waard foar it earst útjûn yn 1989 en is ûnderwilens oerset yn tolve talen.
Eftergrûn Lois McMaster Bujold hie yn 1987 de novelle The Borders of Infinity skreaun, en dat wie har sa goed befallen (want in novelle koe se yn twatrêde fan 'e tiid skriuwe dy't se oan in roman kwyt wie), dat se as ûnderdiel fan har folgjende kontrakt foar trije boeken mei har útjouwer Jim Baen betinge dat se The Borders of Infinity recyclje mocht en der twa oare novelles oan tafoegje soe, sadat dy trije mei-inoar langernôch wêze soene om as ien gehiel út te jaan. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 834-835. Dy oare beide novellen waarden The Mountains of Mourning en Labyrinth.
Borders of Infinity, dat oerset wurde kinne soe as "Grinzen fan it Uneinige", is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 1989 troch Baen Books. It is net inkeld in bondeling fan 'e boppeneamde trije novelles, mar bestiet dêrnjonken út in ferbinend ramtferhaal.
Plot
The Mountains of Mourning
Yn The Mountains of Mourning studearret Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde soan fan 'e minister-presidint fan 'e militaristyske planeet Barrayar, ôf oan 'e militêre akademy en wurdt dêrnei daliks troch syn heit nei in berchdoarp stjoerd om in moardsaak te ûndersykjen en deroer rjocht te sprekken.
Labyrinth
Yn Labyrinth smokkelet Miles mei de Dendarii yn opdracht fan it Barrayareeske regear in wittenskipper fan 'e anargistyske planeet Jackson's Whole ôf. Mar de operaasje giet net sa't er plend wie en Miles komt mei mear thús as inkeld de wittenskipper.
The Borders of Infinity
Yn The Borders of Infinity lit Miles himsels finzen nimme troch Cetagandiërs en ynternearje yn in kriichsfinzenekamp op Dagoola IV. Syn misje foar ImpSec, de Barrayareeske geheime tsjinst, is om út dat kamp in wichtige Marilacaanske fersetslieder te befrijen. It spul rint lykwols wer út 'e klauwen en einlings brekke Miles en de Dendarii alle mear as tsientûzen finzenen út it kamp.
ramtferhaal Nei't er ferwûne rekke is by in eardere missy, is Miles opnommen yn it sikehûs, dêr't de brekbere bonken fan syn foar de safolste kear brutsen earms foargoed ferfongen wurde troch syntetyske protezes. Wylst er dêr it bêd hâlde moat, hat er in protte tiid om werom te tinken oan guon fan syn eardere eksploaten (sjoch de boppesteande novelles). Teffens wit er mei help fan ImpSec-sjef Simon Illyan alwer in gearspanning tsjin syn heit te dwerseidzjen.
Oersettings 20px Italjaansk (L'Eroe dei Vor), fert. Annarita Garnieri, 1992; 20px Spaansk (Fronteras del Infinito), fert. Margara Auerbach, 1992; 20px Japansk (Mugen no Kyokai), fert. Ayako Ogiso, 1994; 20px Russysk (Granicy Bjeskonječnosť), fert. T. Čerjezova, 1995; 20px Dútsk (Grenzen der Unendlichkeit), fert. Michael Morgental, 1996; 20px Bulgaarsk (Granicite na Bezkraja), fert. Georgi Stojanov, 1998; 20px Frânsk (Les Frontières de l'Infini), fert. Bernadette Emerich, 1998; 20px Poalsk (Granice Nieskończoności), fert. Magdalena Gawlik en Doróta Malinowska, 1998; 20px Kroätysk (Granice Vječnosti), fert. Martina Gračanin, 2000; 20px Tsjechysk (Hranice Nekonečna), fert. Hana Volejníková, 2002; 20px Sineesk (?), fert. ?, 2005; 20px Estysk (Lõputuse Piirid), fert. Allan Eichenbaum, 2011.
Kategory:The Vorkosigan Saga Kategory:Literêr wurk fan Lois McMaster Bujold Kategory:Science fiction-ferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 1989