Bochum is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen en der wenje 366.385 minsken (2023).

De stêd is grut wurden troch de mynbou, dêr't hjoeddedei allinnich noch it mynmuseum en ferskate ynstituten oan tinken dogge. Yn de yndustriële perioade slagge it minsken dêr as earste om stiel yn foarmen te jitten. Tsjintwurdich hâldt de stêd har mear dwaande mei de tsjinstferliening.

Njonken de Ruhr-universiteit hat de stêd noch 5 hegere opliedingsynstituten, meiïnoar goed foar mear as tritichtûzen studinten.

It stedsgebiet Bochum bestiet út 6 stedsdistrikten (Stadtbezirke), dy't wer ferparte binnen yn stedsdielen

Berne yn Bochum Hans Fritzsche (21 april 1900 - 27 septimber 1953), Dútsk nazy-politikus Siegfried Reda ( 27 july 1916 - 13 desimber 1968), Dútsk komponist en oargelist Manfred Eigen (9 maaie 1927), Dútsk natuerkundige en gemikus Norbert Lammert (16 novimber 1948), Dútsk politikus

Ofbylden

Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen Kategory:Gemeente yn Noardryn-Westfalen Kategory:Plak stifte yn de 9e iuw