De wezelingen fan 'e Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Neogale) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse marters (Mustelinae). Ta dit skaai hearre fjouwer libbene en ien útstoarne soarte. De leden fan dit skaai wiene lange tiid ferdield oer de skaaien fan 'e lytse marters (Mustela) en de Amerikaanske nertsen (Neovison), mar yn 2021 waard troch nij ûndersyk definityf bewiisd dat dizze fjouwer soarten nauwer mei-inoar besibbe binne as mei oare martersoarten.
Soarten
skaai wezelingen fan 'e Nije Wrâld (Neogale) Amazônewezeling (Neogale africana) Amerikaanske nerts of mink (Neogale vison) Kolombiaanske wezeling (Neogale felipei) langsturtwezeling (Neogale frenata) seenerts (Neogale macrodon) † 19e iuw
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Martereftige