De rôfdieren (Latynske namme: Carnivora) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m. de famyljes fan de kateftigen, de hûneftigen, de bearen, de martereftigen en de seehûnen ûnder falle.
Hoewol't it Latynske Carnivora "fleisiters" betsjut, hearre ta dit skift ek guon allesiters en sels in pear útslutende plante-iters, lykas de reuzepanda. Rôfdieren yn 'e smellere taksonomyske sin (op it mêd fan 'e wittenskiplike yndieling fan bistesoarten) moatte trouwens net betize wurde mei rôfdieren yn 'e bredere sin fan "predatoaren" (oftewol bisten dy't libje fan 'e jacht op oare bisten; sjoch: rôfdier).
De leden fan it skift fan 'e rôfdieren libje ferspraat oer alle wrâlddielen, Antarktika ynbegrepen. De lichtste is mei 35 g de wezeling (Mustela nivalis), wylst de súdlike seeoaljefant (Mirounga leonina) wol 5 ton weagje kin. Yn it ferline waarden de lânrôfdieren (Fissipedia) en de seerôfdieren (Pinnipedia) yn aparte ûnderskiften of sels aparte skiften pleatst, mar dy yndieling is efterhelle. Yn 'e hjoeddeiske taksonomy wurde de rôfdieren ûnderferdield yn 'e ûnderskiften fan 'e hûndieren (Caniformia) en de katdieren (Feliformia).
Skiftopbou
skift rôfdieren (Carnivora) ûnderskift hûndieren (Caniformia) famylje bearhûnen (Amphicyonidae) † famylje hûneftigen (Canidae): 35 soarten tuskenskift poalrôfdieren (Arctoidea) boppefamylje beardieren of beareftigen (Ursoidea) famylje bearen (Ursidae): 8 soarten famylje healhûnen (Hemicyonidae) † boppefamylje marterdieren (Musteloidea) famylje lytse bearen of waskbeareftigen (Procyonidae): 14 soarten famylje lytse panda's (Ailuridae): 1 soarte famylje martereftigen (Mustelidae): 60 soarten famylje stjonkdieren (Mephitidae): 12 soarten boppefamylje seerôfdieren of finpoatigen (Pinnipedia) boppefamylje earrobeftigen (Otarioidea) famylje earrobben (Otariidae): 15 soarten famylje walrussen (Odobenidae): 1 soarte famylje oerseerôfdieren (Enaliarctidae) † boppefamylje seehûneftigen (Phocoidea) famylje seehûnen (Phocidae): 18 soarten famylje sturtseehûneftigen (Desmatophocidae) † ûnderskift katdieren (Feliformia) famylje Afrikaanske palmrôlers (Nandiniidae): 1 soarte boppefamylje echte katdieren (Feloidea) famylje Aziatyske linsangs (Prionodontidae): 2 soarten famylje kateftigen (Felidae): 40 soarten famylje Noardamerikaanske Mioseenske ûnechte sabeltigers (Barbourofelidae) † tuskenskift siveteftigen (Viverroidea) famylje sivetkatten (Viverridae): 36 soarten boppefamylje mangoesteftigen (Herpestoidea) famylje hyena's (Hyaenidae): 4 soarten famylje Madagaskarsivetkatten (Eupleridae): 10 soarten famylje mangoesten (Herpestidae): 33 soarten famylje ûnechte sabeltigers (Nimravidae) † boppefamylje ûnechte sivetkateftigen (Stenoplesictoidea) famylje ûnechte hyena's (Percrocutidae) † famylje ûnechte sivetkatten (Stenoplesictidae) †
Kategory:Sûchdiereskift