The Vor Game is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Vor Game, dêr't Bujold in Hugo Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 1990. It is ûnderwilens oerset yn fyftjin talen.

Eftergrûn Doe't se har twadde kontrakt foar it skriuwen fan trije boeken ôfsleat mei har útjouwer Jim Baen, hie Lois McMaster Bujold it trêde boek fan dat trio gearfet mei ien wurd: "Quaddies". It moast dus in ferfolch wurde op har súksesfolle roman Falling Free, dêr't se har earste priis mei wûn hie. Mar doe't se deroan ta wie, fielde se har noch net ree om dat ferfolch te skriuwen (úteinlik is it der nea fan kommen). It wie lykwols hiel dúdlik, mei it each op 'e ferhalen dy't se al skreaun hie oer har populêre haadpersoan Miles Vorkosigan, dat der op in frij krúsjaal punt yn syn libben, tusken The Mountains of Mourning en Labyrinth yn, in gat siet dêr't dingen ûntbrieken. Sa hie Miles yn The Warrior's Apprentice syn Frije Dendarii Hierlingen efterlitten om nei hûs werom te kearen, en spile it gronologysk dêrop folgjende The Mountains of Mourning folslein op syn thúsplaneet Barrayar, mar wied er yn Labyrinth wer by de Dendarii werom. Wat wie der yn 'e tuskentiid foarfallen? Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 835.

Mei't de eksploaten fan Miles Vorkosigan troch resensinten dochs al omskreaun waarden as behearrende ta it subsjenre fan 'e militêre science fiction, besleat Bujold om diskear mei sin sa'n soarte ferhaal te skriuwen. Ien ding dat se dêryn ferwurke wie in aspekt fan har eigen heit, Robert Charles "Bob" McMaster (1913-1986), heechlearaar oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio en in grutte namme yn 'e Amerikaanske wittenskiplike wrâld, dy't teffens in bybaantsje hie as de twadde tillefyzjewaarman yn 'e Feriene Steaten, op Channel 10 Columbus (1950-1964). Ek hie útjouwer Jim Baen har in eksimplaar fan it boek Strategy fan 'e ferneamde Britske militêr histoarikus B.H. Liddell Hart stjoerd, dêr't se tankber gebrûk fan makke. Oare ynfloeden wiene it boek The Mint, fan T.E. Lawrence, better bekend as Lawrence of Arabia, wêryn't dy syn basistrening beskriuwt doe't er nei de Earste Wrâldoarloch ûnder in skûlnamme op 'e nij tsjinst naam yn it Britske leger, en De Fjirtich Martelders fan Sebastiani, in ier kristlik marteldersferhaal oer fjirtich kristlike leden fan in Romeinsk legioen dy't neaken op it iis opsteld waarden oant se har nije leauwe opjaan soene, mar harsels ynstee deafrieze lieten. Fierders waard Bujold holpen troch ferhalen fan Charles Marshall, in freon fan har mem, dy't yn 1941 belutsen west hie by de oanlis fan 'e Amerikaanske loftmachtbasis Thule, yn it uterste noardeasten fan Grienlân, en kommentaar fan William Melgaard, in marine-architekt dy't har ferskate militêre anekdoates en oare nijsgjirrichheden trochdie.Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 835-837.Bernardi, Michael, Lois's Dedications (www.dendarii.com).

Ut al dy eleminten distillearre Bujold úteinlik de roman The Vor Game. Yn it neiwurd fan 'e omnibus Young Miles merkt se trouwens op dat se mar frijwat muoite hie om it ferhaal yn 'e stringen te hâlden, mei't it alderdusdanichste graach in militêr moardmystearje wurde woe. The Vor Game is skreaun yn it personele perspektyf. De earste seis haadstikken derfan, dy't in frij ôfrûne gehiel foarmje, waarden yn febrewaris 1990 yn Analog Magazine publisearre ûnder de titel The Weatherman. Sûnt wurdt derfan grute dat Bujold The Weatherman earst as in op himsels steande novelle skreaun hie en pas letter besleat om him út te wreidzjen ta The Vor Game, mar dat wurdt troch Bujold sels ûntkrêfte. Yn it neiwurd fan Young Miles hâldt hja út dat hja it boek fan it begjin ôf oan al yn 'e holle hie sa't it úteinlik wurden is. The Vor Game as gehiel kaam yn septimber 1990 yn romanfoarm út by Baen Books. Neitiid waard The Weatherman yn 'e mande mei ferhalen fan oare auteurs werprinte as ûnderdiel fan 'e blomlêzing The Space Opera Renaissance, útjûn troch Orbit US yn 2006, en as e-boek (titele Weatherman, sûnder lidwurd), yn 2011 troch Amazon Digital Services. The Vor Game foarme noch yn 1990 ûnderdiel fan 'e omnibus Vorkosigan's Game, tegearre mei de novellebondel Borders of Infinity. Yn 1997 makke it diel út fan in nije omnibus, mei as titel Young Miles, yn 'e mande mei de roman The Warrior's Apprentice en de novelle The Mountains of Mourning. Young Miles is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn 2008. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 837.Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).

Plot

The Weatherman Miles Vorkosigan, de lichaamlik hendikepte soan fan 'e minister-presidint fan 'e planeet Barrayar, dy't de haadpersoan is yn it grutste part fan Bujold har Vorkosigan Saga, is krekt werom fan syn ferlof nei't er syn oplieding oan 'e Barrayareeske Militêre Akademy ôfrûne hat, as er yn in ôfsletten kefert syn earste oanstelling útrikt kriget. Hy hopet, krekt as alle oare kadetten, op tsjinst oan board fan ien fan 'e romteskippen fan 'e Barrayareeske Striidkrêften, mar it docht bliken dat er beneamd is ta haadmeteorology-ofsier op 'e ôfhandige legerbasis Lazkowski, op it eilân Kyril, deunby de poalsirkel en 500 km fan eltse oare lânmassa ôf. Dy basis, better bekend ûnder de ûnoffisjele namme Kamp permafrost, is wêr't de Barrayareeske ynfantery syn wintertrening kriget. It liket Miles net sa'n gaadlike post ta, mar hy beslút syn teloarstelling fan him ôf te setten en it bêste der mar fan te meitsjen.

Yn Kamp Permafrost oankommen, treft Miles dêr luitenant Ahn, de ofsier dy't hy ferfange moat, en dy't in earsten waarman blykt te wêzen, mar ek in grutte dronkenlap. Mei de basiskommandant, generaal Stannis Metzov, in ofsier fan it âlde stimpel dy't nei ûnbewiisde belutsenens by de dea fan in finzene yn 'e tiid fan 'e Komarraanske Opstân hjir yn 'e toendra dumpt is, begjint Miles op 'e ferkearde foet en dêrnei giet it allinne mar berchôf. Ek ûntkomt er mar kwealk oan 'e dea as in mispleatste grap fan in pear ûnderhearrigen troch syn ûnbekendheid mei it terrein libbensgefaarlike gefolgen hat. Tsjin 'e tiid dat luitenant Ahn ôfswaait, fjirtjin dagen letter, hat Miles it spul lykwols allegear goed foar 't ferstân.

Dan fynt der op in nacht in ûngelok plak mei fetaïne, in tige gefaarlike gemyske stof mei mutagene eigenskippen. Dat is in ferâldere ôfskrikkingswapen dat yn Kamp Permafrost opslein wurde moat, en dêr't de Barrayarezen, mei harren ôfgriis fan mutaasjes, fan grouje. It soe fierwei it feilichste wêze om 'e hiele ynhâld fan 'e opslachbunker dêr't it ûngemak bard is, mei magmaminen stadich opbaarne te litten, mar generaal Metzov hellet it him yn 'e plasse dat de fetaïne oan him tabetroud is en ferpoft it sadwaande om it te ferneatigjen. Hy wol dat de soldaten fan 'e technyske ôfdieling harren yn beskermjende pakken yn 'e bunker weagje om 'e geve fetten te rêden. De technisy, deselden dêr't Miles earder mei yn 'e kunde kommen is by de ferfolling fan in pear taakstraffen dy't er oprûn hie, wegerje lykwols it befel út te fieren. Metzov sjocht dat as muiterij en lit de mannen har by -5º C. neaken bûtendoar opstelle oant se tajouwe. Luitenant Bonn, harren direkte superieur, is it net mei dy gong fan saken iens, klaait himsels ek út en giet derby stean. Dat makket Metzov suver breinroer fan lulkens en Miles sjocht oankommen dat dit ferkeard ôfrinne sil. Om in oplossing te forsearjen docht er dan sels de klean ek út en giet derby stean. Dat pleatst Metzov foar in dilemma: hy kin fansels net de soan fan 'e minister-presidint deafrieze litte, mar kin er noch wol sûnder gesichtsferlies tajaan? Miles wit him mei moaie wurden derfan te oertsjûgjen dat er yn syn rjocht stiet en harren allegear foar de kriichrie daagje kin. Dêrop lit Metzov de hiele binde oppakke en opslute. De oare deis wurdt Miles ophelle en nei Vorbarr Sultana, de Barrayareeske haadstêd, flein om tekst en útlis te jaan oan syn heit en Simon Illyan, it haad fan 'e geheime tsjinst ImpSec. Der wurdt besletten om sawol de "muiters" as Metzov út it leger te ûntslaan. De saak, mei foar beide siden in twifelige moraal, ferdwynt grutdiels yn 'e dôfpôt. Om't der no gjin ofsier mear is dy't him as ûnderhearrige hawwe wol, wurdt Miles tafoege oan ImpSec. Boppedat moat er in hoart ferdwine oant it skandaal oerwaaid is.

The Vor Game Miles wurdt dêrnei twa moanne lang min of mear finzen holden yn it haadkertier fan ImpSec, dêr't er, om him wat om hannen te jaan, tafoege wurdt oan 'e bewekking (sadat ien fan syn taken is om derfoar te soargjen dat er sels net útnaait). Hy wanhopet op 't lêst suver oft er ea noch wer bûten it gebou komme sil, mar úteinlik wurdt er der mei luitenant Ungari en serzjant Overholt opút stjoerd om te ûndersykjen wat der krekt oan 'e hân is yn it Hegen-mulpunt.

It Hegen-mulpunt is in stjerrestelsel mei in dûbelstjer, mar sûnder bewenbere planeten. It soe eins hoegenamt net ynteressant wêze foar de minske, as it net sa wie dat der fjouwer wjirmgatten útkamen. Wjirmgatten binne fan natuere foarkommende "tunnels" troch it tiid-romtekontinuum, dy't men brûke kin om jin fan it iene stjerrestelsel nei it oare te bejaan sûnder dat men desennia- of miskien wol iuwenlang troch de lege ynterstellêre romte hoecht te reizgjen. Fjouwer fan sokke wjirmgatten hat it Hegen-mulpunt (dêrfandinne de namme "mulpunt") ta in soarte fan krúspunt yn 'e romte makke. Dy wjirmgatten liede nei fjouwer bewenne stjerrestelsels: ien nei Aslund, dat fierders gjin wjirmgatten hat en dus, om it samar te sizzen, oan 'e ein fan in dearinnende wei sit; ien nei it anargistyske Jackson's Whole, dêr't misdiesyndikaten foar master opslane; ien nei Vervain, dêr't men fierder wei reizgje kin nei it machtige en ekspansjonistyske Cêtagandyske Ryk; en ien nei Pol, dat wer oer in wjirmgat nei Komarr, yn it Barrayareeske Ryk, beskikt. Nei desennia fan gearwurkjende desynteresse en saaie neutraliteit is der yn it Hegen-mulpunt ynienen in wapenwedrin geande. Pol en Jackson's Whole hawwe der floatienheden nei ta stjoerd, wêrby't Pol sels safier gien is dat it de befeiliging fan syn wjirmgat oan 'e Barrayareeske kant ferwaarleazget, wylst it sûnt de Barrayareeske ferovering fan Komarr altiten tige benaud foar Barrayar wie. Vervain hat in hierlingefloat, Randall's Rangers, ynhierd, wylst Aslund, dat it measte te ferliezen hat om't it oer gjin oare útwei as troch it Hegen-mulpunt beskikt, oan in militêr romtestasjon wurket mar foar de tuskentiid ek in hierlingefloat oannommen hat: de Frije Dendarii Hierlingen, dy't Miles ûnder syn eardere aventoeren oprjochte hat (sjoch: The Warrior's Apprentice).

Mei't der foar Barrayar wichtige ekonomyske en strategyske belangen op it spul steane, moatte Ungari, Overholt en Miles, waans funksje yn it tiim strikt dy fan assistint is, út sjen te finen wat de wapenwedrin feroarsake hat en hoe't de Dendarii der krekt yn behelle binne. Sadwaande reizget Miles ûnder de momkape fan Victor Rotha, in skabeljeuze Bêtaanske wapenhannelder, mei Ungari as syn partner en Overholt as syn liifwacht nei it Hegen-mulpunt.