De martereftigen of murden (wittenskiplike namme: Mustelidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), dêr't û.o. de harmeling, wezeling, murd, fret, otter, stienmurd, beamotter en das ta hearre. It lytste lid fan 'e famylje is de wezeling, dy't mar 35 g weaget, wylst it swierste de Súdamerikaanske reuze-otter is, mei in gewicht fan 32 kg. Foarhinne waarden ek de stjonkdieren ta de martereftigen rekkene, mar dy binne koartby yn in eigen famylje, de stjonkdieren (Mephitidae) pleatst.
Martereftigen binne grutdiels nachtdieren en komme op alle wrâlddielen útsein Antarktika foar (al binne se yn Oseaanje troch de minske yntrodusearre). Se libje yn seeën, woastinen, berchtmes en toendra's. De measte soarten kinne mei harren anaalklieren in sterke muskesrook produsearje en beskikke oer in skoandere pels dy't der de reden fan is dat se ek wol yn finzenskip troch de minske fokt wurde (al wurdt de fret gewoan as selskipsdier holden).
Famylje-opbou
famylje martereftigen (Mustelidae) ûnderfamylje grisons en streekte murden (Ictonychinae) tûke grisons (Lyncodontini) skaai grisons (Galictis): 2 soarten skaai Patagoanyske wezelingen (Lyncodon): 1 soarte tûke streekte murden en sibben (Ictonychini) skaai streekte murden (Ictonyx): 2 soarten skaai tigermurden (Vormela): 1 soarte skaai wytnekwezelingen (Poecilogale): 1 soarte ûnderfamylje grutte marters (Guloninae) tûke echte marters (Martini) skaai fiskmarters (Pekania): 1 soarte skaai marters (Martes): 8 soarten tûke wargen en tayra's (Gulonini) skaai tayra's (Eira): 1 soarte skaai wargen (Gulo): 1 soarte ûnderfamylje hunichdassen (Mellivorinae) skaai echte hunichdassen (Mellivora): 1 soarte ûnderfamylje Jeraziatyske dassen (Melinae) skaai bargedassen (Arctonyx): 1 soarte skaai Jeraziatyske dassen (Meles): 3 soarten ûnderfamylje lytse marters (Mustelinae) skaai lytse marters (Mustela): 16 soarten skaai wezelingen fan 'e Nije Wrâld (Neogale): 4 soarten + 1 soarte † 19e iuw ûnderfamylje otters (Lutrinae) skaai Amerikaanske otters (Lontra): 4 soarten skaai bûnthalsotters (Hydrictis): 1 soarte skaai fiskotters (Lutra): 2 soarten + 1 soarte † ein 20e iuw skaai klauleaze otters (Aonyx): 3 soarten skaai reuze-otters (Pteronura): 1 soarte skaai see-otters (Enhydra): 1 soarte skaai slanke otters (Lutrogale): 1 soarte ûnderfamylje sinnedassen (Helictidinae) skaai sinnedassen (Melogale): 5 soarten ûnderfamylje sulverdassen (Taxideinae) skaai Chamitataxus † skaai echte sulverdassen (Taxidea): 1 soarte skaai Pliotaxidea †
Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Rôfdier (skift)