Misha Jonas Emanuel Latuhihin (Nijmegen, 26 desimber 1970) is in earder Nederlânsk follybalynternational en beheart ta de gouden generaasje dy’t yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta troch Itaalje yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Hy wie twadde spulferdieler, efter Peter Blangé. Hy kaam yn totaal 270 kear út foar de Nederlânske follybalploech.
Op dit stuit is Latuhihin coach fan Manlju 1 fan E.S.V.V. Hajraa út Eindhoven en traint er ferskate oare Hajraa-teams.
Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers
Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Nederlânsk follybaltrainer Kategory:Nederlânsk persoan fan Moluksk komôf Kategory:Persoan berne yn 1970