It Boheemsk Paradys (Tsjechysk: Český ráj) is in middelberchtme yn it noardeasten fan Bohemen, yn Tsjechje.

De krite leit rûchwei tusken de stêden Mladá Boleslav, Jičín en Turnov, fuort besuden it Reuzeberchtme. Sûnt 1955 is it in beskerme natuergebiet, mei de namme ChKO Český ráj. It Boheemsk Paradys is fral ferneamd fan de 'rotsstêden' fan sânstien en lûkt in protte toeristen.

Oant de 19e iuw ta waard it Boheemsk Paradys Terra Felix neamd, 'it lokkich lân'.

It besjen wurdich De rotsestêden lyks: Prachovské skály Suché skály Betlémské skály Kozákov Hrubéá skála Rotsen fan Prachov Drábské světničky Drábovna, delling Měsiční údoli Kozlov, Chlum Hruboskalsko (Hruboskalské skalní mesto) by Hrubá Skála Klokočské skály Maloskalsko Věžický fiver Borecké skály Apolena (skalní město Apolena) rotsen by Besedice delling Plakánek (údolí Plakánek)

In protte kastielen yn de regio binne boud op sokke sânstienformaasjes, ûnder oaren: Kastiel Trosky Kastiel Kost

Panorama

Keppeling om utens Webside foar toeristen

Kategory:Berchtme yn Tsjechje