thumb|225px|De Noardfryske eilannen mei Noorderuug Söön Noardereachsân (Noardfrysk: Noorderuug Söön, Dútsk: Norderoogsand) is in ûnbewenne Noardfrysk eilân. It is it middelste en op ien nei grutste eilân yn it Nasjonaal park Sleeswyk-Holstein. It leit westlik fan Noardereach en Pälweerm en súdwestlik fan Hege en wurdt yn it suden troch Rummelloch fan Sudereachsân skieden. It eilân is sawat 7,5 kilometer lang (noard-súd) en sawat twa kilometer breed.
Sûnt ein jierren njoggentich nimt de mannichte sân ta en wurdt sels grutte dúnfoarming merkbiten. Sa ûntstiet der in nij eilân. Yn 2012 hiene de dunen al in hichte fan fjouwer meter berikt. It oerflak fan it eilân wurdt skat op 34 hektare. Der binne al 50 ferskate plantesoarten teld, ek komme der in soad seefûgels. “Nieuw eiland ontstaat voor Duitse kust”, 11 jannewaris 2013
Kategory:Dútsk Noardfrysk eilân Kategory:Eilân yn de Noardsee Kategory:Eilân yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Unbewenne eilân