thumb|left|Stêd en provinsje Matanzas yn Kuba Matanzas is in gemeente en havenstêd yn de provinsje Matanzas yn it noarden fan Kuba, sa'n 60 km beëasten Havana.
Matanzas wurdt wol 'stêd fan de brêgen' en it 'Feneesje fan Kuba' neamd, meidat der 17 brêgen oer de trije rivieren dy't troch de stêd rinne lizze (de Rio Yumuri, San Juan en Canimar). In oare bynamme wie ek La Atenas de Cuba ('It Atena fan Kuba') om reden fan syn dichters.
De stêd leit oan de Baai fan Matanzas, in seeëarm fan de Golf fan Meksiko. Yn 1628 spile him dêr de slach yn de Baai fan Matanzas ôf; de seefarder Piet Hein ferovere doe de Sulverfloat.
In stânbyld fan Piet Hein fan de hân fan de Rotterdamske byldhouwer Willem Verbon sjocht út oer de baai. thumb|left|It stânbyld fan Piet Hein yn Matanzas
Stêdebannen Nizjni Novgorod (Ruslân), sûnt 2004
keppeling om utens
Kategory:Plak yn Kuba Kategory:Gemeente yn Kuba Kategory:Plak stifte yn 1572