Cornelius Onno Jellema (Grins, 9 septimber 1936 - Liens, 19 maart 2003) wie in dichter en essayist út Nederlân.
Libben thumb|It hûs Oosterhouw, dêr't Jellema wenne Jellema studearre teology yn Amsterdam en Dútsk yn Utert. Dêrnei gie er oan de gong as learaar Dútsk oan middelbere skoallen yn Harderwyk en Baarn, en wie er wittenskiplik meiwurker Dútske letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Fierders skreau er kritiken oer Dútske literatuer yn NRC Handelsblad.
Jellema debutearre 1961 mei in tal gedichten yn literêr tydskrift De Gids. Yn it earstoan krige syn wurk mar in bytsje omtinken, mar yn 1981 briek er foarfêst troch mei de bondel De schaar van het vergeten.
Jellema sike yn syn iere gedichten nei in ferhâlding tusken de 'ferteller' yn it gedicht, en de wrâld bûten dy 'ferteller'. Letter spilet 'de tiid' in wichtige rol yn syn wurk. Yn in stikmannich bondels besiket er in syntese tusken 'fielen' en 'tinken', as emoasje en ratio, stal te jaan. De gedichten fan C.O. Jellema wurde skaaimerke troch in strakke foarm, en geregeldwei brûkt er de sonnetfoarm.
As essayist skreau er geregeldwei kritiken en essays oer de Dútske literatuer, ûnder oaren yn NRC Handelsblad, en oer Nederlânske poëzy, yn ûnder oaren it Nieuwsblad van het Noorden. Teffens skreau er opstellen oer Heinrich Heine, Theodor Fontane, Rainer Maria Rilke, Georg Trakl, Gerrit Achterberg en Hans Faverey en oaren, dy't sammele binne ûnder de titel Oefeningen bij een beek (2000).
Fan 1989 ôf oant syn dea wenne C.O. Jellema yn it monumintale hûs 'Oosterhouw' yn Liens, tegearre mei de túnarsjitekt Klaas Noordhuis, mei wa't er in moanne foar syn dea troude.
Wurk Dichtbondels Klein Gloria en andere gedichten (1961) Tijdverblijf (1971) Een eng cocon (1975) De schaar van het vergeten (1981) De toren van Snelson (1983) Door eenen spiegel (1984) In de koude voorjaarsnacht (1986) Een slaande hoef (1988) Sonnet (1988) Ongeroepen (1991) Gedichten, oden, sonnetten (1992) Spolia (1996) Hoe water streelt (1996) (gearstalling: Michaël Zeeman) Droomtijd (1999) Langs de vloedlijn (2001) Stemtest (2003)
Essaybondels Aangaande Hölderlin (1995) Oefeningen bij een beek (2000) Een open plek. Essays (2009)
Deiboeken Een web van dromen. Een keuze uit zijn dagboeken 1960-2003 (2009)
Oersettingen Over god wil ik zwijgen fan Meister Eckhart (1999) Het boek van de waarheid fan Hendrik Seuse en Preken fan Johannes Tauler (2004 - postúm útjûn)
Samle wurk Verzameld werk (gedichten) (2005) Verzameld werk (essays) (2005)
Prizen 1983: Herman Gorterpriis foar De toren van Snelson 1992: Hendrik de Vriespriis foar Gedichten, oden, sonnetten 1997: A. Roland Holst-Penning foar syn hiele oeuvre.
Keppeling om utens Cor Jellema yn de DBNL
Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk deiboekskriuwer Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1936 Kategory:Persoan stoarn yn 2003