thumb|260px|Oblast Oelganovsk Uljanovsk (Russysk: Ульяновск) is in stêd yn Ruslân, oan de rivier de Wolga, sa'n 750 kilometer beëasten Moskou. It is de haadstêd fan de oblast Uljanovsk. De stêd is ferneamd nei Vladimir Iljitsj Uljanov, Lenin, dy't dêr 1870 berne waard. Oant 1924 hjitte de stêd Simbirsk (Russysk: Симби́рск).
Klimaat Uljanovsk hat in myld lânklimaat. Trochstrings leit der snie fanôf ein oktober oant mids april. De trochsneed temperatuer yn juny is +19°C, yn jannewaris -12°C. De trochsneed delslach yn it jier is 400 mm.
Berne yn Uljanovsk Sergej Borisov, fotograaf Ivan Gontsjarov, skriuwer Aleksandr Kerenski, politikus Vladimir Lenin (Uljanov), earste lieder fan de Sovjet-Uny
Ynwenners Aleksander Pûsjkin, dichter Nikolaj Karamzin, skriuwer Andrej Sacharov, natuerkundige en dissidint
Keppelings om utens Webside foar toeristen
Kategory:Plak stifte yn 1648