thumb|150px|left|Ogham alfabetthumb|350px|Ogham-alfabet Ogham (Aldiersk: ogam, soms ek, neffens de earste trije letters:beth luis nion.) is in alfabet dat yn de 5e en 6e iuw brûkt waard foar Primityf-Ierske en soms Brytoanyske of Piktyske ynskripsjes op stiennen; teffens komt it yn in stikmannich Aldierske manuskripten foar (hoewol't dy teksten sels yn it Latynske alfabet skreaun binne.
It is in skrift fan rjochte streken mei oarspronlik 20 letters dy't oardere binne yn fjouwer groepen fan fiif letters. Letter is der yn fyfde lettergroep oan taheakke.
Ogham-stiennen binne fral te finen yn Ierlân, Skotlân, súdlik Wales, Cornwall en Devon.
De letters fan it ogham-skrift hjitte nei beammen dy't hieltyd mei in oare letter begjinne. Dat der wurdt net sein "aa, bee, see, dee", mar "ailm, beith, coll, dair". Ek Latynske letters hienen earder yn it Iersk dy nammen.
De oarsprong fan ogham is net witten: neffens in 15e-iuwsk geskrift, The Book of Ballymote, wie ogham yn it earstoan in geheime gebeartetaal fan de druïden, mar dat wurdt hjoeddedei betwifele meidat der gjin oare referinsjes fûn binne.
Ogham-ynskripsjes binne faak te finen op âlde grêfstiennen yn Ierlân en Wales, faak hawwe sy dêrneist deselde tekst yn it Latynske alfabet.
It Ogham-alfabet thumb|500px|right|Ogham-tekens mei tastimming fan evertype.com De Ogham-tekens binne yn Unikoade fêstlein as U+1680 o/m 169C neffens de tabel hjirûnder:
heks Namme BetsjuttingLatyn heks NammeBetsjuttingLatyn1680 SPAASJE 1690 AILM YpA1681 BEITH Bjirk B1691 ONN BremO1682LUISLijsterbesL1692 UR SkrobberheideU1683 FEARN Els F1693 EDAD PopelierE1684 SAIL Wylch S1694 IDAD TaksisI1685 NION Esk N1695 EABHADH 1686 UATH HagedoarnH?1696 OR 1687 DAIR Iik D1697UILLEANN 1688 TINNE HulstT1698 IFIN 1689 COLL HazzenútC1699EAMHANCHOLL 168A CEIRT Appel Q169A PEITH 168B MUIN Wynrank?M169BVEER 168C GORT KlimmerblêdG169COMKEARDE FEAR 168D NGEADAL 168E STRAIF KrikelbeamZ?168F RUIS FlearbeamR
Keppelings om utens Eversons Oghiemside Ogham-stien
Kategory:Iersk Kategory:Ierske mytology Kategory:Skiednis fan Ierlân Ogham alfabet Kategory:Paleografy