Alberto Aleandro Uderzo (Fismes, 25 april 1927 - Neuilly-sur-Seine, 24 maart 2020) wie in Frânsk striptekener en stripskriuwer dy't fral ferneamd wurden is fan it stripferhaal Asterix.

Biografy Uderzo waard berne as bern fan Italiaanske ymmigranten dy’t yn 1934 it Frânske steatsboargerskip krigen. Yn 1959 waard Uderzo de artistike direkteur fan it nije Frânske striptydskrift Pilote, wêryn 't er Asterix tekene en Tanguy en Laverdure. Nettsjinsteande it feit fan it grutte sukses fan Tanguy en Laverdure gie syn foarkar út nei it humoristyske Asterix, wat de oare rige oerfleugelje soe. Fan 1967 ôf soe er him folslein op it tekenjen fan dy rige talizze.

Keppeling om utens

Kategory:Frânsk striptekener Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Frânsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2020