Stratford-upon-Avon is in stêd yn de bestjoerlike krite Stratford-on-Avon, yn it Ingelske greefskip Warwickshire oan de rivier de Avon.

Stratford is wrâldferneamd as plak dêr't William Shakespeare berne en stoarn is. De stêd is al fan de tiid fan de Angelsaksen en wie al yn de Midsiuwen in merkplak fan belang. Stratford moat it hjoed-de-dei ekonomysk hawwe fan aluminiumyndustry, boatebou, de agraryske yndustry, in bierbrouwerij en it produsearjen fan stielen meubels.

De meast wichtige ynkomsteboarne is lykwols it toerisme. Goed 2 miljoen minsken komme alle jierren nei de stêd fanwegen de meast ferneamde ynwenner dy't it plak ea hân hat: Shakespeare.

Susterstêden Stratford (Ontario) Stratford (Prins Edward Eilân) Stratford (Nij-Seelân Doha (Katar) Stratford (Konnetikut)

Keppelings om utens

Ynformaasjeside Stratford-op-Avon

Kategory:Plak yn Ingelân