Tewkesbury is in stêd yn it greefskip Gloucestershire yn Ingelân. Tewkesbury leit op it plak dêr't de rivieren Severn en Avon en in tal sydrivieren by inoar komme. De stêd is it bestjoerlike sintrum fan 'e borough Tewkesbury.

De namme is ûntliend oan Theoc, in Saks dy't dêr yn 'e 7e iuw in klús stifte. It plak waard yn it Aldingelsk oantsjut as Theocsbury. Histoarysk sjoen is Tewkesbury de merkstêd foar it omlizzende plattelân. It ûndergie útwreiding yn 'e tiid nei de Twadde Wrâldkriich. Tewkesbury is ek al iuwenlang in sintrum fan nôtmeallerij en de wettermûne (Abbey Mill) bestiet ek hjoed-de-dei noch, al is dy ferboud foar bewenning.

Oant koartlyn waard der noch nôt mealle yn in modernere mûne, in eintsje fierder fan 'e stêd ôf de stream op. Dielen fan dy mûne datearje út 1865 en dy mûne waard ea beskôge as de grutste en modernste nôtmûne fan 'e wrâld. Alle mooglike ferfiermiddels waarden yn 'e rin fan 'e tiid troch de útbaters fan 'e mûne brûkt: wei, spoar en binnenwetter.

Tewkesbury Abbey De abdij fan Tewkesbury is de op ien nei grutste parochytsjerke yn it lân en in earder benediktynsk kleaster. De tsjerke sels wurdt rekkene ta ien fan 'e moaiste Normandyske gebouwen yn Ingelân. De massive toer waard ea útroppen ta de grutste en moaiste romaanske toer fan Ingelân. Fjirtjin katedralen fan Ingelân binne lytser en allinnich Westminster Abbey hat in gruttere midsiuwske samling fan monuminten.

Yn 'e midsiuwen wie Tewkesbury útgroeid ta ien fan 'e rykste kleasters fan Ingelân. Nei de slach by Tewkesbury yn 'e Roaze-oarloch yn 1471, socht in diel fan 'e oanhingers fan Lancaster in hinnekommen yn 'e abdij, mar de oerwinnende Yorkisten ûnder lieding fan kening Edward IV krongen dochs yn 'e abdij. Troch it dêropfolgjende bloedferjitten moast it gebou in moanne ticht om it te reinigjen en op 'e nij yn te wijen.

De sintrale stienen toer hie oarspronklik in houten spits, dy't yn 1559 ynstoarte en nea wer op 'e nij boud is. Sûnt de Reformaasje yn 1539 is de abdij yn gebrûk as parochytsjerke fan 'e Tsjerke fan Ingelân. De tsjerke waard yn 1879 restaurearre troch George Gilbert Scott, de pake fan Giles Gilbert Scott. Yn 1760, 1970 en 2007 hie de abdij te lijen fan oerstreamings troch de oanbuorjende rivier de Severn.

Kategory:Plak yn Ingelân Kategory:Plak yn Gloucestershire