Robin Ernest William Flower (Meanwood yn Yorkshire, 16 oktober 1881 – 16 jannewaris 1946) wie in Ingelsk dichter en gelearde; saakkundige op it mêd fan Keltyske talen, Angelsaksen en oersetter út it Iersk. Yn Ierlân is er meast ferneamd as Bláithín ('Lytse blom').

Wurkpaad Op it mêd fan it Angelsaksysk, hat er oer it Exeter Boek skreaunChambers, R. W., Förster, Max & Flower, Robin, eds. (1933) The Exeter Book of Old English Poetry Hy ûnduts tuskenfoechsels yn it Aldingelsk fan Beda troch Laurence Nowell (16e iuw).http://www.u.arizona.edu/~ctb/oen/bede.html BedeFlower, Robin (1935) "Laurence Nowell and the Discovery of England in Tudor Times", yn: Proceedings of the British Academy; 21 (1935), s. 62<ref>Prescott, Andrew (2004) Robin Flower and Laurence Nowell yn Jonathan Wilcox (red.) Old English Scholarship and Bibliography: essays in honor of Carl T. Berkhout. (Old English Newsletter Subsidia ISSN 0739-8549; 32). [Kalamazoo, Mich.]: Medieval Institute, Western Michigan University; sd. 41-61</ref> By syn bestudearjen fan Nowell ûnduts er yn 1934, yn in transkripsje fan Nowell, it gedicht Seasons for Fasting.Greenfield, Stanley B. & Calder, Daniel Gillmore (1996) A New Critical History of Old English Literature: with a survey of the Anglo-Latin background by Michael Lapidge; s. 234http://www.litencyc.com/php/sworks.php?rec=true&UID=16911

Hy wie fierders oersetter út it wurk fan Tomás Ó Criomhthain, syn learaar oer Blasket yn it Iersk,http://www.dingle-peninsula.ie/blaskets2.html en skreau de ferhanneling The Western Island; Or, the Great Blasket (1944), mei yllustraasjes fan syn frou Ida.Berne as Ida Mary Streeter, suster fan de bibelgelearde Burnett Hillman Streeter, sjoch http://freepages.genealogy.rootsweb.ancestry.com/~soperstuff/Surrey/surrey_notes.htm. Ut de essaysamling The Irish Tradition (1947) wurdt noch faak sitearre en dy waard fannijs printe yn 1994; it befettet ûnder oaren "Ireland and Medieval Europe" en syn John Rhŷs Memorial Lecture fan 1927.

Keppelings om utens Robin Flower by www.pgil-eirdata.org Oersetting fan Pangur Bán'', in gedicht fan in 8e (? 9e) iuwske Ierske muonts oer syn kat.

Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk taalkundige Kategory:Ingelsk oersetter Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1946