De Kapetingers (Frânsk: Les Capétiens) of it laach Kapet of Hûs Kapet is in Frânsk keningslaach dat fan 987 oant 1328 oer Frankryk regeare hat. As hearskers fan Frankryk wiene sy de opfolgers fan de Karolingers. Harren namme is ôflaat fan Hugo, de earste Kapetingyske kening dy't bekend stie as Hugo Capet en besibbe wie oan de Karolingen.

List fan Frânske keningen fan it laach Kapet 987 - 996: Hugo Kapet, Greve fan Parys, kroand ta kening fan Frankryk 996 - 1031: Robert de Fromme 1031 - 1060: Hindrik I 1060 - 1108: Filips I 1108 - 1137: Loadewyk VI de Dikkert 1137 - 1180: Loadewyk VII de Jongere 1180 - 1223: Filips II Augustus 1223 - 1226: Loadewyk VIII de Liuw 1226 - 1270: Loadewyk IX (Sint Loadewyk) 1270 - 1285: Filips III de Dappere 1285 - 1314: Filips IV de Moaie 1314 - 1316: Loadewyk X de Woelige of de Wrokker 1316: Jon I de Postume 1316 - 1322: Filips V de Lange 1322 - 1328: Karel IV de Moaie

Yn 1328 hie it Hûs Kapet gjin streekrjochte ôfstammelingen yn de manlike liny. Oars as yn oare lannen hâlde Frankryk him oan de saneamde Salyske wet dêr't in frou net ta kening kroane wurdt mocht. Dêrom waard as nije kening fan Frankryk keazen, Filips VI fan Frankryk, in lid fan it Hûs Valois en in neef fan Filips IV de Moaie.