Jan Weima (Frjentsjer, 31 maaie 1874 – Aldegea (Smellingerlân), 14 april 1943), ek bekind as Jan Potskip, wie in folkskeunstner.Berte-akteDea-akte
Weima wie bot godstsjinstich. Yn it earstoan brûkte er bonke as materiaal foar syn inkeld en allinne bibelske foarstellings. Letter gie er oer op turf. Syn foarstelling waarden tige realistysk beskildere. Yn in efterkeamerke fan syn went yn Aldegea wie syn wurk útstald.
Nei syn ferstjerren gie syn kolleksje nei It Kokelhûs yn Earnewâld.
Keppeling om utens Tablo Weima
Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Aldegea (Smellingerlân) Kategory:Persoan berne yn 1874 Kategory:Persoan stoarn yn 1943 Kategory:Folkskeunst