thumb|Flessen mei krûdejittik
Jittik is in floeistof dy't foar it grutste part út jittiksoer (CH3CO2H) en wetter bestiet; it jittiksoer ûnstiet troch fermintaasje fan alkohol troch jittiksoerbaktearjen (Acetobacter).http://jb.oxfordjournals.org/content/46/9/1217.extract Studies on acetic acid-bacteria, sjoen op 21 oktober 2011.
It wurdt tsjintwurdich fral yn de keuken by it itensieden brûkt, mar yn it ferline waard dit maklik te krijen mylde soer foar in protte yndustriële, medyske en húshâldlike saken brûkt (it wurdt noch wol brûkt as himmelmiddel en ûntkalker). Jittik kin makke wurde yn flugge en stadige fermintaasjeprosessen. Yn it generaal wurde stadige metoaden brûkt foar de tradisjonele jittiksoarten. It rypjen kin sa wiken as moannen duorje. At 'jittik' ûnder de 4% jittiksoer befettet, mei it neffens de wet gjin jittik hjitte. Dan wurdt it guod oantsjut mei edik .Artikel 3 Warenwetbesluit Gereserveerde aanduidingen..
Louis Pasteur (1822-1895) wie de ûntdekker fan jittiksoerbaktearjen.
Keppeling om utens versatilevinegar.org, Ingelsktalige webside fan The Vinegar Institute.
Kategory:Iten en drinken Kategory:Floeistof