thumb|Dunen binne eolyske lânfoarmen.|300px

In lânfoarm is in foarm fan it ierdoerflak dy't dúdlik te sjen is. It is in geomorfologyske ienheid dy't him ûnderskiedt fan oare lânfoarmen troch syn uterlike skaaimerken en syn plak yn it lânskip.

Lânfoarmen wurde yn de geomorfology beskreaun op grûn fan harren ûntsteanswize. Dêrby binne de folgjende faktoren fan belang: it memmestientme, de geomorfologyske prosessen dy't de foarm makke hawwe, mei de prosessen dy't no aktyf binne en de faze fan de ûntjouwing.

Foarbylden fan lânfoarmen Lânfoarmen dy't fral ûntstien binne troch streamend wetter: rivierdellings Steamdellings oueerwâl meander rivierdelta fluviatyl terras / rivierterras

Lânfoarmen dy't fral ûntstien binne troch streamend wetter en tij: maryn terras strânwâl skoarwâl Tombolo

Lânfoarmen dy't fral ûntstien binne troch wyn (waar): paraboaldunen lingtedunen sichtedunen

thumb|350px|Fan glasiale as glasiofluviale prosessen ûntstiene lânfoarmen. Lânfoarmen fral ûntstiene troch llâniis en/of raanwetter: morene stowwâl drumlin esker sandr oerstreamdelling

Lânfoarmen dy't ûntstiene troch permafrost: polygoonboaiem pingo palsa

Lânfoarmen dy't ûntstiene troch it oplossen fan kalkstien (karst): doline polje ferdwyngat

Lânfoarmen bot beynfloede troch it memmestientme, plus ynfloeden sa as tektonyk, eroazje en/of fulkanisme: horsten slinken berchtme fulkanen

Keppeling om utens

Kategory:Geomorfology