De Universiteit fan Harvard (Ingelsk: Harvard University) is in universiteit yn Cambridge, Massachusetts, Feriene Steaten. De universiteit waard yn 1636 oprjochte troch Ingelske kolonisten dy't ferlet hienen fan in skoalle foar geastliken. Ut dy skoalle ûntstie de Harvard University, en is dêrmei de âldste universiteit fan de Feriene Steaten.

Harvard einiget faak hiel heech yn ynternasjonale listen fan goede universiteiten. Ferskate âld-studinten fan Harvard binne letter Nobelpriiswinner of presidint fan de Feriene Steaten wurden.

De âldste bibleteek fan de Feriene Steaten is dy fan Harvard en is ek de grutste universiteitesbiblioteek fan de wrâld.

Fakulteiten Harvard Faculty of Arts and Sciences (keunsten en natoerwittenskippen) Harvard Medical School (genêskunde) Harvard School of Dental Medicine (toskedoktersskoalle) Harvard Divinity School (religy en teology) Harvard Law School (rjochten) Harvard Business School (hannelsskoalle) Harvard Graduate School of Design (architektuer en design) Harvard Graduate School of Education (pedagogy) Harvard School of Public Health (folkssûnens) John F. Kennedy School of Government (bestjoerskunde, planology, en ynternasjonale ûntwikkeling)

Ferneamde studinten John Adams, presidint Ban Ki-moon, sektretaris-generaal fan de Feriene Naasjes George W. Bush, presidint Ralph Waldo Emerson, skiuwer Bill Gates fan Microsoft (stúdzje net dien makke) Rutherford B. Hayes, presidint John F. Kennedy, presidint Robert F. Kennedy, politikus Henry Kissinger, politikus & nobelpriiswinner Cotton Mather, teolooch Barack Obama, presidint Natalie Portman, aktrise Mitt Romney, politikus Franklin D. Roosevelt, presidint Theodore Roosevelt, presidint Henry David Thoreau, filosoof Mark Zuckerberg fan Facebook (stúdzje net dien makke)

Keppeling om utens

Offisjele hiemside fan de Harvard University (Ingelsk) Webside fan de Harvard Alumni (Ingelsk)

Harvard Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1636