thumb|Mary Dresselhuys yn 1982
Marie Johanna (Mary) Dresselhuys (Tiel, 22 jannewaris 1907 – Amsterdam, 19 maaie 2004) wie in Nederlânsk aktrise, dy't goed 150 rollen op it toaniel, yn films en foar telefyzjespile hat.
In 1926 die hja talittingseksamen foar de Amsterdamske Toanielskoalle dêr't hja yn 1929 har diploma helle. Sy krige dêr ûnder oaren les fan Albert van Dalsum, Magda Janssens en Else Mauhs. Har earste rol, doe noch as figurante, spile hja by it Rotterdamsch Hofstadtoneel fan Cor van der Lugt Melsert op 7 septimber 1929.
Dresselhuys hat trijeris troud west. Fan 1929 oant 1933 mei akteur Joan Remmelts; Fan 1934 oant 1946 mei akteur Cees Laseur, mei wa't hja twa dochters krige: Merel en Petra Laseur. Fan 1955 oant syn dea yn 1986 mei fleander-skriuwer Adriaan Viruly ("Jons").
Sûnt 1992 wurdt in nei har ferneamde priis útrikt.
Films Eline Vere (1992) - frou Van Raat Vroeger kon je lachen (1983) Dorp aan de rivier (1958) - frou Van Taeke De Kribbebijter (1935) - Mary
Keppeling om utens Teater Ynstitút Nederlân
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 2004