thumb|Éamon de Valera yn de jierren tweintich Éamon de Valera, berne: Edward George de Valera, Ierske namme: Éamonn de Bhailéara, (New York City, 14 oktober 1882 - Dublin, 29 augustus 1975) wie in foaropman fan de Ierske striid foar ûnôfhinklikens fan it Feriene Keninkryk oan it begjin fan de 20e iuw, ek wie er partijoanfierder fan de republikeinske opposysje en de dêr't fuortkommende Ierske Boargerkriich.

Hy wie dêrnei trijeris presidint fan de Executive Council fan de Ierske Frijsteat (de orzjinele oantsjutting foar premier), en wie de earste taoiseach (de namme foar premier nei 1937). Hy einige syn politike karriêre as presidint fan Ierlân (1959-1973). De Valera hat ek foarsitter fan it Folkebûn west, fan 1938 oant 1939.

Literatuer : De Valera. Long Fellow, Long Shadow. Arrow Books, Londen 1995, ISBN 0-09-995860-0. : Eamon De Valera. Macmillan, Dublin 1998, ISBN 0-7171-0964-X : De Valera. The man and the myths. Podbeg Books, Swords 1992, ISBN 1-85371-121-7

Kategory:Iersk sjoernalist Kategory:Iersk wiskundige Kategory:Iersk revolúsjonêr Kategory:Iersk opstanneling Kategory:Iersk politikus Kategory:Iersk parlemintslid Kategory:Iersk minister Kategory:Premier fan de Ierske Frijsteat Kategory:Presidint fan Ierlân Kategory:Foarsitter fan it Folkebûn Kategory:Iersk nasjonalist Kategory:Iersk polityk skriuwer Kategory:Iersk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Iersk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Persoan yn de Peaske-opstân Kategory:Persoan berne yn 1882 Kategory:Persoan stoarn yn 1975