thumb|Pedro Lira Pedro Francisco Lira Rencoret (Santiago de Chile, 17 maaie 1845 - dêre, 20 april 1912) wie in Sileensk keunstskilder. Hy heart by de generaasje grutte Sileenske masters sa as Juan Francisco González, Alfredo Valenzuela Puelma en Alberto Valenzuela Llanos, waans meast wichtige wurk om 1900 hinne ûntstie.

Hy wie ien fan de stichters fan it Sileensk Nasjonaal Museum fan de Keunsten (Museo Nacional de Bellas Artes) dêr't er oant 1892 ek direkteur fan wie.

Mei syn wurk La Fundación de Santiago ('De stifting fan Santiago') wûn er in sulveren medalje op de Wrâldútstalling yn Parys fan 1889.

Priuwke fan syn wurk

Keppelings om utens

Grove Dictionary of Art - Biografy op artnet.de Patience A. Schell: Pedro Lira, Painter and Critic Answers.com - Biografy op answers.com

Kategory:Sileensk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1845 Kategory:Persoan stoarn yn 1912