thumb|Sijo Kornelis Thoden van Velzen Sijo Kornelis Thoden fan Velzen of Syo Kornelius Thoden van Velzen (Aldtsjerk, 26 novimber 1809 - Warnsveld, 1900) wie in teolooch.

Fan Velzen stamme út in Eastfrysk predikantelaach. Hy stie yn Mitselwier (1835-38), Wolvegea (1838-42), Nymwegen (1842-46) en Ljouwert (1846-1883). Hy wie in fertsjintwurdiger fan de Grinzer rjochting.

Fan Velzen wie in Kristosintrysk tinker, dy't in soad klam lei op it evangelyske libben. It wie in selsstannich tinkende minske dy't de dûmnyssteek ferruile foar de hege hoed. Hy wie in pleiter foar spiritisme en tsjin lykferbaarning. Hy skreau tal fan praktysk-teologyske boeken. Ek wie er lang foarsitter fan it Friesch Godgeleerd Gezelschap.

Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Persoan berne yn Aldtsjerk Kategory:Mitselwier Kategory:Wolvegea Kategory:Persoan berne yn 1809 Kategory:Persoan stoarn yn 1900