Thomas Herbaius (Hjerbeam, om 1570 - Ljouwert, 16 maaie 1613) wie advokaat-fiskaal of prokureur-generaal fan it Hof fan Fryslân.

Hy wie in sêftsinnich man, dy't der út pykte as rjochtsgelearde, mar ek as letterkundige. Ta syn freonerûnte hearden Nikolaas Mullerius, Pierius Winsemius, D. Leontius, J. Lenzius, Godfried Sopingius, Sibrand Siccama, H. Bouricius, G. Hardomans, Marcus Lycklama en syn útjouwer Joan Saeckma.

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Persoan berne yn Hjerbeam Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1570 Kategory:Persoan stoarn yn 1613 Kategory:Hof fan Fryslân