Norfolk (Ingelsk: Norfolk Island, útspr.: ['nɔrfək 'ailənd]; Norfuk: Norf'k Ailen) is in lytsich, isolearre eilân yn 'e súdwestlike Stille Oseaan, dat likernôch healwei tusken Austraalje, Nij-Seelân en Nij-Kaledoanje leit. It foarmet in ekstern territoarium fan Austraalje. It haadplak is Kingston. Neffens gegevens út 2011 hie it Norfolk, dat likernôch 35 km² beslacht, doe in befolking fan 2.300 minsken. It symboal fan it eilân is de Norfolkeilânske dinnebeam (Araucaria heterophylla), in lânseigen beammesoarte, dy't ek in prominint plak ynnimt op 'e flagge fan Norfolk.

Etymology De Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't it eilân yn 1774 ûntdiek, ferneamde it nei Mary Howard, hartoginne fan Norfolk (±1712-1773).

Geografy Norfolk is in geografysk isolearre eilân yn 'e súdwestlike Stille Oseaan, likernôch healwei it Australyske kontinint, Nij-Seelân en it Frânske gebietsdiel Nij-Kaledoanje, op 29°02′ suderbreedte by 167°57′ easterlingte. It leit 1.412 km rjocht nei it easten fanôf Evan's Head, op it Australyske fêstelân, en sa'n 900 km eastnoardeastlik fan in oar isolearre eilân, Lord Howe, dat ta de Australyske steat Nij-Súd-Wales heart.

Norfolk bestiet út it haadeilân mei deselde namme en twa lytsere eilannen, it petiterige Nepean, fuort besuden it haadeilân, en it wat gruttere Phillip, dat 7 km súdlik fan it haadeilân leit. Yn totaal hat it territoarium in oerflak fan 34,6 km², wat frijwol hielendal út lân bestiet, mei in te ferwaarleazgjen bytsje wetteroerflak. De kustline is 32 km lang, en it heechste punt, de Mount Bates, hat in hichte fan 319 m boppe seenivo. It gebiet om 'e Mount Bates hinne, dat 10% fan it haadeilân beslacht, is yn 1986 útroppen ta it Nasjonaal Park Norfolk, om it lêste stikje subtropysk reinwâld te beskermjen. It park omfiemet teffens de eilannen Phillip en Nepean, dy't ûnbewenne binne.

Floara en fauna Norfolk hat 174 plantesoarten, wêrfan't 51 nearne oars foarkomme. Teminsten 18 fan dy 51 binne seldsum of bedrige. De bekendste lânseigen plant is de Norfolkeilânske dinnebeam (Araucaria heterophylla), dy't it symboal fan it eilân wurden is en in prominint plak ynnimt op 'e flagge fan it territoarium. Dy beammesoarte is fral yn Austraalje, mar ek yn Jeropa, populêr as sierplant foar yn tunen, en it is foar Norfolk dan ek in wichtich eksportprodukt wurden.

De lânseigen fauna bestiet yn haadsaak út fûgels en ynsekten, en hat sûnt de kolonisaasje fan it eilân slim te lijen hân ûnder útlânske bisten lykas rotten, katten, hûnen, bargen en geiten, en teffens fan konkurrinsje mei ynfierde fûgelsoarten as de lyster. Dêr kaam noch by it kapjen fan harren natuerlik wâldhabitat foar lânbougrûn, oerbejaging en soms opsetlik besykjen ta útrûging om't se as skealik ûngedierte beskôge waarden. Fan gefolgen binne in grut tal lânseigen soarten útstoarn of slim yn har fuortbestean bedrige. Sa binne û.m. de Norfolkeilânske kaka, de Norfolkeilânske grûndo en lânseigen ûndersoarten fan 'e do, de protter en de bûnte lyster útstoarn, krekt as ien fan 'e beide flearmûzesoarten fan it eilân, de Norfolkeilânske frijsturtflearmûs (Tadarida norfolkensis). De gouldhalslelflearmûs (Chalinolobus gouldii) is tige seldsum, en soe al wol krektlyk útstoarn wêze kinne.

Skiednis Iere skiednis De earste minsklike bewenners fan Norfolk wiene Polynezyske seefarders dy't it eilân berikten òf fan 'e Kermadekeilannen ôf, benoarden Nij-Seelân, òf fan it Noardereilân fan Nij-Seelân sels. Hja setten har yn 'e fjirtjinde of fyftjinde iuw op Norfolk nei wenjen, en holden der ferskate generaasjes ta ear't se weiwaarden, itsij troch út te stjerren, itsij troch earne oars hinne fuort te silen.

Ut it eachpunt fan it Westen wei waard Norfolk yn 1774 ûntdutsen troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, op dy syn twadde reis troch de Stille Súdsee. It eilân waard ien fan 'e earste Britske koloanjes yn it dit diel fan 'e wrâld om't it isolearre en ûnbewenne wie, wat it tige gaadlik makke om der in strafkoloanje te fêstigjen. Boppedat groeide der flaaks, en dêr hie de Britske Keninklike Marine, dy't alle himp en flaaks foar syn touwurk út Ruslân wei ymportearre, in grut ferlet fan doe't tsarina Katerine II fan Ruslân yn dyselde snuorje de útfier fan dat guod oan bannen lei. Sadwaande waard Norfolk ûnder de kolonisaasje fan Nij-Súd-Wales beflapt, dêr't de Britten yn 1788, by Botany Bay, besuden it lettere Sydney, de earste koloanje op it Australyske fêstelân stiften. Fuort dêrnei waard luitenant Philip Gidley King derop útstjoerd om mei in groep fan fyftjin finzenen en sân frije kolonisten in delsetting op Norfolk te fêstigjen, wat op 6 maart 1788 syn beslach krige.

Koloanje It libben op Norfolk wie dreech. De grûn wie wol fruchtber, mar it yn 'e besnijing hâlden fan it reinwâld foel net ta en de rispinge waard opfretten fan rotten en fûgels. Nettsjinsteande dy swierrichheden woeks de befolking oan ta 1.100 lju. De delsetting koe him sels lykwols net bedrippe en it die bliken dat it yn stân hâlden fan 'e koloanje fanwegen de ôfhandige lokaasje te djoer wie. Fan 1805 ôf waarden de bewenners stadichoan oerbrocht nei Van Diemenslân (Tasmaanje), en yn 1814 wie de delsetting hielendal ferlitten en waarden de gebouwen sloopt om ûnrjochtmittige bewenning (yn 't bysûnder troch oare Jeropeeske koloniale machten) te ûntmoedigjen. Norfolk bleau dêrnei alve jier lang ûnbewenne.norfolkisland.com.au/history_and_culture/convict

Yn 1825 waard it eilân op 'e nij ta in strafkoloanje makke, diskear alhiel sûnder frije kolonisten. Lang is tocht dat it de swierste kriminelen wiene dy't út Nij-Súd-Wales en Van Diemenslân wei dêrhinne stjoerd waarden, de "twaris feroardielden" (feroardielden dy't nei de Australyske strafkoloanjes deportearre wiene en dêr fannijs foar in slimme misdie feroardiele wiene). Resint ûndersyk hat lykwols útwiisd dat it mar yn 15% fan 'e gefallen om sokke lju gie, wylst fierwei de measten fan 'e 6.458 finzenen dy't yn dy snuorje op Norfolk bedarren, dêr fêstholden waarden sûnder dat se ea yn 'e Australyske strafkoloanjes earne foar feroardiele wiene. Boppedat wie de oerweldigjende mearderheid fan harren yn Grut-Brittanje oarspronklik feroardiele foar saken as bûsehifkjen en krommeldieverij. De libbensomstannichheden yn 'e nije strafkoloanje wiene dreech, en de behanneling dy't de finzenen der krigen ûnminsklik. Moard, oproer en besykjen ta útbraak kaam geregeldwei foar.

Alinnich yn 'e perioade tusken 1840 en 1844 wie it oars, doe’t de behanneling fan 'e finzenen sterk ferbettere ûnder it bewâld fan kaptein Alexander Maconochie, in ferljochte tichthûsherfoarmer. De kreaze âlde gebouwen yn it Norfolkske haadplak Kingston waarden yn dy tiid troch finzenen boud. Tsjin 1847 begûn de strafkoloanje yn it neigean te reitsjen, en fan 1853 ôf kamen der gjin nije finzenen mear, om't yn dat jier yn Grut-Brittanje de deportaasje fan feroardielden nei oerseeske strafkoloanjes ôfskaft waard. Yn 1855 waarden de lêste finzenen oerbrocht nei Port Arthur en oare plakken yn Van Diemenslân.

Op 8 juny 1856 begûn de trêde kolonisaasje fan Norfolk, diskear troch 194 ôfstammelingen fan 'e oproerige bemanning fan it Britske skip de Bounty en Tahitiaanske froulju. Hja waarden nei Norfolk ta oerbrocht fan 'e Pitcairneilannen, yn 'e súdeastlike Stille Oseaan, dy't harren tanimmende oantal net mear drage koene. Hja setten har nei wenjen yn 'e gebouwen fan 'e twadde strafkoloanje en fêstigen stadichoan in maatskippij op Norfolk dy't basearre wie op lânbou en walfiskfeart. Hoewol't party gesinnen yn 1858 en nochris yn 1863 weromkearden nei de Pitcairneilannen, woeks de befolking fan Norfolk stadich oan, mei om't men bykommende kolonisten akseptearre dat gauris seelju wiene dy't op walfiskfarders arrivearren. De wichtichste feestdei op Norfolk is noch altyd Bountydei, dat op 8 juny fierd wurdt, en wêrby't de oankomst fan 'e Pitcairners yn 1856 betocht wurdt.

Moderne tiid Nei't yn 1901 troch seis ûnderskate Britske koloanjes it Mienebêst Austraalje foarme wie, kaam Norfolk, dat bestjoerlik noch altyd by Nij-Súd-Wales yndield wie, dêr ek ta te hearren. It waard doe losweakke fan Nij-Súd-Wales, en kaam streekrjocht ûnder it bewâld fan 'e Australyske federale oerheid te stean.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der in strategysk wichtige loftmachtbasis op Norfolk fêstige. Mei't it eilân yn it gebiet lei wêrfoar't Nij-Seelân de ferantwurdlikheid op him nommen hie, waard it oarspronklike Australyske garnizoen ôflost troch in 1.500 man sterke Nijseelânske troepemacht, de saneamde N Force. It die lykwols bliken dat Norfolk te ôfhandich wie om foar de Japanners in oanfal wurdich te wêzen, en nei't de Alliëarden de Japanners werom begûnen te kringen, ferlieten de Nijseelânske troepen it eilân yn febrewaris 1944 wer.

Yn 1979 krige Norfolk fan Austraalje in beskate foarm fan selsbestjoer. Sûnt keazen de bewenners fan it eilân in eigen parlemint dêr't in eigen regear út foarme waard. Dat regear hie fiergeand foech oer hast alle bestjoerssaken, mei as wichtichste útsûnderings definsje en bûtenlânske betrekkings. Norfolk wie it iennichste fan 'e eksterne territoaria mei sa'n fiergeande autonomy, en it wie ek it iennichste gebiet dat ta Austraalje heart, wêrfan't de ynwenners net stimden yn 'e Australyske nasjonale ferkiezings, noch fertsjintwurdige wiene yn it Australyske Parlemint. Yn 2006 waard dizze bestjoerskonstruksje op 'e nij besjoen, mar úteinlik waard oan 'e ein fan dat proses, op 20 desimber fan dat jier, besletten dat alles sa bliuwe soe sa't it wie.Governance & Administration, Attorney-General's Department; 28 febr 2008. Nei jierren fan ûnienichheid drukte it Australyske regear der yn 2016 lykwols tsjin 'e wil fan 'e Norfolkeilanners in nije bestjoerskonstruksje troch dy't Norfolk syn selsbestjoer ûntnaam.

Finansjele swierrichheden en it tebekrinnen fan it toerisme makke dat it regear fan Norfolk yn 2010 om stipe fan Austraalje frege. It federale regear woe wol helpe, mar woe dat de eilânbewenners yn ruil foar it rjocht op federale útkearings foar it earst yn harren skiednis ynkomstebelesting betelje soene.Norfolk Island is about to undergo a dramatic change in order to secure a financial lifeline; ABC News 7.30 oere, 26 jan 2011. Yn maaie 2013 wie der lykwols noch gjin oerienstimming berikt, en tsjin dy tiid wiene in protte Norfolkers twongen om wurk op it Australyske fêstelân te sykjen om itende te bliuwen.

Bestjoer De offisjele namme fan Norfolk is "it Territoarium Norfolk" (Ingelsk: Territory of Norfolk Island; Norfuk: Teratri of Norf'k Ailen). It wie foarhinne it iennichste eksterne territoarium fan Austraalje dat fiergeand selsbestjoer hie (de oare beide bewenne eksterne territoaria, Krysteilân en de Kokoseilannen, hawwe net mear oer har eigen saken te sizzen as de trochsneed gemeenteried). Dy autonomy wie fêstlein yn 'e Norfolk Island Act út 1979. Der wie in ienkeamerich parlemint de Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly), besteande út njoggen leden, dy't ienris yn 'e trije jier keazen waarden troch it elektoraat. Der wiene gjin politike partijen op Norfolk; alle parlemintsleden en -kandidaten wiene ûnôfhinkliken. De wetten dy't goedkard waarden troch de Wetjaande Gearkomste koene neatich ferklearre wurde troch it Australyske federale parlemint, en dat koe ek Australyske federale wetjouwing oan Norfolk oplizze. Fjouwer fan 'e njoggen parlemintsleden foarmen it regear fan Norfolk, dat de namme droech fan Utfierende Ried (Executive Council). Norfolkers stimden yn prinsipe net yn Australyske federale ferkiezings, en it territoarium wie net fertsjintwurdige yn it Australyske Parlemint.