Julio Ribera (Barselona, 20 maart 1927 - Cognin, 27 maaie 2018) wie in Spaanske striptekener.
Ribera hat yn syn jeugd de Spaanske Boargeroarloch meimakke. Syn heit stie oan de kant fan de liberalen en fertsjinne syn jild as autohanneler. Ribera wurke ynearsten as drummer yn in jazzband. Ek fertsjinne er oan it meitsjen fan yllustraasjes. Hy wie in leafhawwer fan Amerikaanske strips fan û.o. Disney, Raymond, Foster en Eisner.
Omdat it Spanje fan Franco destiids in strange sinsuer hie en Ribera nei mear frijheid lange, ferfear hy nei Frankryk. Dêr feroare syn wurk net sa folle, mar yn 1972 krige hy de kâns om dingen te dwaan dy't er sels leuk fûn. Foar útjouwerij Dargaud tekene hy de soft-erotyske horrorsatire Draculella.
Yn 1974 krijt hy kunde oan Christian Godard. Tegearre sette sy útein mei de krekt oprjochte útjouwerij Libraire Hachette de rige Axel Moonshine, vagabond des Limbes, dy't útwoeks ta in mânske striprige.
Wurk Axel Moonshine, tekeningen, Les Cahiers de la Bande Dessinée (Schtroumpf), tekeningen, Dracurella, senario, tekeningen La grande Manque, tekeningen Het Grote Schandaal, tekeningen Histoire de France en bandes dessinées, tekeningen Je suis un monstre, tekeningen La Jeunesse d'un inconnu célèbre, tekeningen Chroniques du Temps de la vallée des Glomes, tekeningen, 1991-1996 Mon crayon et moi, senario, tekeningen Montserrat, senario, tekeningen, kleuren
Keppeling om utens Julio Ribera by lambiek.net
Kategory:Spaansk striptekener Kategory:Persoan berne yn 1927