thumb|De Eden ûnder Kirkby Stephen De Eden is in 145 km lange rivier yn it noardwesten fan Ingelân. Hy ûntspringt besuden fan de High Seat (op in hichte fan 670 m.) yn de Yorkshire Dales yn it fierste easten fan Cumbria oan de grins mei Noard Yorkshire. De Eden rint yn noardlike rjochting troch Cumbria en mûnet út yn de Solway Firth yn de Ierske See, neidat er benoarden Carlisle de Muorre fan Hadrianus krúst hat.

Etymology De rivier hjitte by de Romeinen Itouna, neffens de Grykske geograaf Klaudius Ptolemaeus yn de 2e iuw. Dy namme komt fan it Keltyske wurd ituna, dat betsjut 'wetter' The Oxford Names Companion, Oxford University Press, twadde edysje 1998, 019860561-7 of 'stowe/jeije'.Adrian Room, Dictionary of Place Names in the British Isles,Bloomsbury, 1988, 074750170-X

Sjoch ek Marrekrite (Ingelân)

Keppeling om utens Eden Rivers Trust

Kategory:Rivier yn Ingelân