thumb|250px|Auschwitz I - Dûbelt stikeltried om it kamp hinne. Op de triedden stie in deadlike elektryske spanning thumb|250px|Boerefroulju en -bern yn in Britsk konsintraasjekamp yn de Twadde Boere-oarloch, om 1900 thumb|250px|Finzenen yn Buchenwald by harren befrijing 1945 In konsintraasjekamp is in kamp dêr't minsken, meastal ûnder militêre twang, byelkoar brocht wurde. It is in ynrjochting om politike tsjinstanners of oars net winske minsken op grûn fan etnyske, religieuze as sosjale skaaimerken te isolearjen en psychysk en/of fysyk te brekken, en yn guon gefallen dea te dwaan. It opsluten yn in kamp bart meast troch administrative hannelingen, sûnder rjochtspraak en rjochtshelp, foar in ûndúdlike tiid en sûnder dat minsken der wat oer te sizzen hawwe.

Skiednis It begryp konsintraasjekamp wurdt troch de measte minsken streekrjocht yn ferbân brocht mei it gebrûk yn de Twadde Wrâldkriich. Lykswols wie dat net wêr't it begryp weikaam:

19e iuw Wat de alderearste kear wie dat groepen minsken ûnder twang byelkoarbrocht waarden is ûnwis. By ferskate oarloggen fan de 19e iuw waarden groepen minsken lykwols sa behandele. Dat barde ûnder mear by de kriich om Kuba, en dy om Súd-Afrika.

Twadde wrâldkriich In ferskil mei de eardere kampen wie, dat yn de Twadde Wrâldoarloch it doe net altyd it byinoarbringen fan de minsken wie, mar soms ek harren te ferneatigjen. Ek dêr't it net it haaddoel wie, wie de sitewaasje faak sa min dat dochs in protte imsken it kamp net oerlibben.

Nederlânske slachtoffers yn Dútske konsintraasjekampen It krekte tal Nederlânske deaden yn Dútske konsintraasjekampen is net witten. De neifolgjende feiten binne basearre op getallen fan de Nederlandse Oorlogsgravenstichting wat it lêste rêstplak yn de omkriten fan in tal kampen. De sifers fan Kamp Westerbork komme út it argyf fan de gemeentes Midden-Drinte en Assen. Kamp Amersfoart en Kamp Vught neffens eigen opjefte.

konsintraasjekamp Nederlânske deaden Kamp Amersfoart 468 Auschwitz 57000 Bergen-Belsen 1700 Buchenwald 750 Dachau 600 Esterwegen 10 Flossenbürg 150 Groß-Rosen 370 Majdanek 90 Mauthausen 1650 Natzweiler 100 Neuengamme 3000 Ravensbrück 260 Sachsenhausen 600 Sobibór 34500 Stutthof 25 Vught 699 Kamp Westerbork 733 Zöschen 120

Oare Dútske kampen dêr't in protte Nederlanners it libben ferlern hawwe: Bergen-Belsen Buchenwald Dachau Esterwegen Flossenbürg Groß-Rosen (ûnder oaren foar Nacht und Nebel-finzenen), mei ferskaat oan subkampen. Mauthausen yn Eastenryk Natzweiler-Struthof (fral foar Nacht und Nebel-finzenen) Neuengamme Ravensbrück (fral foar froulju) Sachsenhausen by Oranienburg Sonnenburg

Dútslân De sân naziferneatigingskampen: Auschwitz II (Birkenau) yn Poalen Bełżec yn Poalen Chełmno (Dútsk: Kulmhof) yn Poalen Majdanek by Lublin yn Poalen Maly Trostenets yn Wyt-Rusland Sobibór yn Poalen Treblinka II yn Poalen

Itaalje Italjaanske konsintraasjekampen sûnt begjin 1942: Risiera di San Sabba yn Triëst Rab, eilân yn Dalmaasje Chiesanuova by Padua Molat, eilân yn Dalmaasje Monigo bij Treviso Renicci di Anghiari by Arezzo Visco by Palmanova

Kroaasje Ferneatigingskamp: Jasenovac

Nederlânsk-Ynje Boven Digul

Nederlân Vught (Konzentrationslager Herzogenbusch) Amersfoart (Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort) Westerbork (Polizeiliches Durchgangslager Westerbork) Schaarshoek (Joadsk straf- en wurkkamp by Heino)

Tsjechje Theresienstadt, konsintraasjekamp

Belgje Breendonk Dossinkazerne, trochgongskamp foar (fral) Joaden ûnderweis nei Auschwitz

Roemeenje Mear as ien kamp yn it gûvernemint Transnistrje.

Gulach Hoewol it wurd konsintraajekamp der oarnaris net foar brûkt waard, hie de Sowjetuny in systeem dêr't tsjinstanners fan it rezjym by nei Sibearje stjoerd waarden. It wurk wie dêr hurd, en de sitewaasje wie net bêst, dat it wie twifeleftich of de bedoeling wie dat in finzene ea werom komme soe.

Sjoch ek List fan Nazikonsintraasjekampen

Kategory:Skiednis Kategory:Joadeferfolging