Apollo 11 wie in missy yn it ramt fan it Apollo-projekt fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, wêrby't de earste minsken op 'e moanne set waarden.

De trije astronauten Neil Armstrong, Edwin „Buzz” Aldrin en Michael Collins setten op 16 july 1969 ôf fan it Kennedy Space Center yn Floarida mei in Saturnus V-raket, en kamen op 19 july yn in baan om 'e moanne. Ien dei letter giene Armstrong en Aldrin mei it lâningsfartúch, de Eagle, nei de moanne ta, wylst Collins yn 'e kommando-module Columbia yn in baan om 'e moanne bleau. In oeremannich letter kaam de Eagle del yn 'e Mare Tranquillitatis, dêr't Armstrong as earste foet op 'e moanne sette, folge troch Aldrin. Nei krapoan 22 oeren op 'e moanne taholden te hawwen, setten de astronauten wer ôf en gongen mei Collins werom nei de ierde, dêr't se op 24 july yn 'e Stille Oseaan delkamen.

Oer de hiele wrâld folgen likernôch 600 miljoen minsken de suksesfolle missy op 'e tillefyzje.John M. Sarkissian: On Eagle’sWings: The Parkes Observatory’s Support of the Apollo 11 Mission. PDF-triem , Ingelsktalich artikel út de Publications of the Astronomical Society of Australia, siden 287-310Apollo 11 Moon landing: ten facts about Armstrong, Aldrin and Collins' mission op de webside telegraph.co.uk Mei Apollo 11 waard it ûnthjit fan 'e eardere Amerikaanske presidint John F. Kennedy út 1961 ynlost, dy't doe nammentlik sein hie dat er foàr de ein fan 'e sechtiger jierren – en noch earder as de Sovjet-Uny – in minske op 'e moanne sette woe en dy dêrnei feilich werombringe nei de ierde.

Tarieding De plenningsfaze fan Apollo 11 begûn yn 1965 ûnder lieding fan Christopher Kraft. Syn team krige de opdracht om checklisten foar de bemanning te meitsjen as ek it flechtplan sels, wêrfan de definitive ferzje twa wiken foar it begjin fan de missy op 1 july 1969 wrâldkundich waard. It team fan Kraft hie ek flechtsenario's klear lizzen mei dêryn de saneamde startfinsters yn augustus en septimber 1969. De plannen foar de kuier op de moanne waarden ferskate kearen feroare. Yn in konsept fan 1964 wie rekken holden mei ien astronaut dy't in kuier meitsje soe op de moanne, wylst de oar yn de moannelanner sitten bliuwe soe om de systemen yn 'e gaten te hâlden. Yn itselde jier kaam de Grumman Aerospace Corporation mei in ûndersyk dêr't yn te lêzen stie dat it technysk mooglik wie om beide astronauten útstappe te litten foar in kuier op de moanne. Yn jannewaris 1967 stelde Christopher Kraft út om nei de lâning op de moanne beide astronauten twa kear útstappe te litten. By de earste kuier soenen de astronauten fertroud reitsje moatte mei de grûn, de twadde útstap soe brûkt wurde foar it delsetten fan wittenskiplike eksperiminten en it byinoar fandeljen fan boaiemmateriaal. Yn septimber 1968 besleat de NASA dat de beide astronauten fan de Apollo 11-missy 2,5 oeren tiid op de moanne tahâlde mochten sûnder wittenskiplike ynstruminten mei te nimmen. De wittenskiplike ôfdieling fan de NASA yn Houston koe it dêr net mei lykfine en kaam mei it kompromis om dochs in lyts tal wittenskiplike eksperiminten op de moanne te dwaan. Op 9 oktober 1968 waard tastimming jûn om trije relatyf lytse eksperiminten te dwaan.

Lâningsplak thumb|left|Foto fan it lâningsplak, de Mare Tranquillitatis, dêr't de moannelanner delkomme moast. By it sykjen nei in gaadlik lâningsplak foar de moannelanner wie de feiligens fan de astronauten it wichtichste betingst. De moannelanner moast bygelyks mei sinneskyn en goed sicht op de moanne delkomme; en it loskommen fan de moanne soe ek by deiljocht dien wurde moatte. Doel wie om sa min mooglik brânje te ferbrûken en tagelyk safolle mooglik dêrfan mei te nimmen. Dêrtroch wie it tal mooglike lâningsplakken foar de moannelanner beheind en moast it lâningsgebiet fan de Eagle by de ekwator fan de moanne socht wurde. De grûn dêr't de moannelanner delkomme moast wie likegoed fan grut belang. In stofgrûn dêr't in moannelanner yn weisakje kin soe in gefaar wêze, in grut tal rotsen ek.

Om bylden en gegevens fan mooglike lâningsplakken op de moanne te sammeljen stjoerde de NASA ferskate romtesonden fan it Ranger- en Surveyor-program nei de moanne. De Ranger waard ynset om foto's te meitsjen, wylst de Surveyor-sonde gegevens fan de grûn sammele en dy nei de Ierde stjoerde. De bylden en gegevens wienen lykwols net genôch om in krekte analyze jaan te kinnen fan it lâningsplak, sadat de NASA de Lunar Orbiter de romte yn stjoere moast. De satelliten dy't elk twa kamera's hienen koenen 99 persint fan de moanne yn kaart bringe en 20 mooglike lâningsplakken foar it Apollo-program sjen litte.

Healwei it jier 1965 sette de NASA de Apollo Site Selection Board op, mei as doel it sykjen nei mooglike lâningsplakken op grûn fan wittenskiplike en technyske aspekten. Alle mooglike lâningsplakken leinen net fier fan de ekwator ôf en de grûn like op de foto's net al te rûch. Boppedat seagen de plenners fan de missy by it sykjen nei in lâningsplak ek nei de krite om it lâningsplak hinne, om te sjen oft der gjin skeanten of hichten yn 't paad sieten dy't de radar fan de moannelanner steure koenen. Op 15 desimber 1968 wienen der noch fiif mooglike lâningsplakken oer, de saneamde Apollo Landing Sites (ALS).

Foar de Apollo 11 missy keas de NASA mei ALS-1 úteinlik foar it meast eastlike lâningsplak yn de Mare Tranquillitatis (Latynsk foar 'see fan de rêst'). Dêr kaam de sinne 20 oeren foar de lâning op. Om't in dei op de moanne 29,53 ierddagen duorret, stie de sinne by de lâning sa likernôch 10° boppe de eastlike kym. Mei de sinne dy't út in hoeke wei skynde wie de rûchte fan de grûn goed te sjen. Wat grutte oanbelanget, wie it aaifoarmige lâningsplak mei 18,5 kilometer sawat likegrut as it eilân Manhattan. Twa oare lâningsplakken dy't fierder nei it westen ta leinen soenen as mooglik alternatyf brûkt wurde kinne, om sa wis te wêzen fan in goed ferljochte lâningsplak.

Bemanning It sykjen fan bemanningsleden foar Apollo 11 wie it wurk fan Deke Slayton, baas fan it NASA-astronauteburo. In bemanning moast twa kear reserve stean foar in missy foar't se yn de nominaasje kamen foar in oare missy. Sadwaande wie de reservebemanning foar Apollo 8, de astronauten Neil Armstrong, Edwin „Buzz“ Aldrin en Fred Haise, de besetting foar Apollo 11. Armstrong woe lykwols dat Michael Collins, dy't troch in operaasje net mei Apollo 8 meikoe, it plak fan Haise ynnimme soe. De ferantwurdlike lieding by de NASA hie gjin problemen mei Armstrong syn foarstellen op 10 jannewaris 1969 waarden Armstrong, Aldrin en Collins as bemanning fan Apollo 11 oan de wrâld presintearre. Op dat stuit wie de bemanning noch net wis fan de missy, om't de moannelanner foar dy tiid noch net troch minsken yn it hielal teste wie.

Assemblaazje & testfaze thumb|De Saturn-V-raket wurdt mei Apollo 11 nei it platfoarm brocht. Jannewaris 1969 kaam de moannelanner (Lunar Module, ôfkoarte LM) mei de namme "Eagle" oan op it Kennedy Space Center (KSC) yn Floarida. It Apollo-romteskip, dêr't de bemanning de measte tiid fan de missy yn tahâlde soe, waard op 23 jannewaris mei in frachtfleantúch fan it type Super Guppy nei it KSC flein. Beide romtefartugen waarden nei it Manned Spacecraft Operations Building brocht. Dêr waarden komponinten fan it romteskip ynelkoar set en ferskate testen dien. Mei súkses waarden it romteskip en de moannelanner yn in drukkeamer teste, om nei te gean oft de systemen yn it fakuüm fan it hielal wol goed wurkje soenen. Nei de ein fan dy testfaze kaam de moannelanner yn in kegelfoarmich omskot, yn de top fan dat omskot wie plak foar it romteskip. It omskot dêr't de moannelanner en romteskip yn siet wie ornearre as beskerming en waard boppe-op de raket fêst makke.

Doe't de beide fartugen klearmakke waarden yn it KSC, waard op 7 kilometer distânsje fan it KSC yn it Vehicle Assembly Building (VAB) wurke oan de montaazje fan de draachraket Saturnus V. Nei't it wurk dien wie yn it fabryk waarden de trije treppen fan de raket oaninoar ferbûn op it 5.715 ton swiere startplatfoarm.Moonport: A History of Apollo Launch Facilities and Operations út 1978, skreaun troch Charles D. Benson en William Barnaby Faherty, side 535 De ynkapsele moannelanner en it Apollo-romteskip waarden 14 april derop set, wêrmei't de opbou fan de 110 meter hege draachraket klear wie. Op 14 maaie waard de saneamde startkonfiguraasje fan de raket mei in sabeare ôftelsyklus hifke om de gearwurking fan de ferskillende systemen mei-inoar te testen.

Op 20 maaie 1969 waard de Saturnus V nei it startplatfoarm brocht dat foar de fyfte kear brûkt wurde soe foar de bemanne romtefeart. De rit nei it platfoarm duorre sa'n seis oeren oer in paad dat spesjaal dêrfoar oanlein wie. Doe't se by Launch Pad 39 kamen waard ûnder it platfoarm in gasôflieder delset om de gassen út de raket ôffiere te kinnen. Fierders kaam der in ûnderhâldsplatfoarm by de Saturnus V raket om ûnderhâldswurk oan de raket dwaan te kinnen. Op 6 juny waard in test dien mei de draachraketten dêr't de bemanning fan Apollo 11 ek oan meidie.

De Countdown Demonstration Test wie de lêste belangrike test fan de draachraketten. Dy test begûn op 27 juny en soe in deimannich duorje. By de testen waarden de tanks fan de Saturnus V mei brânje opfolle en it ôftelsyklus neidien. By de twadde testfaze waard de brânje út de tanks helle en waard it ôftelsyklus dien mei de bemanning yn de raket.

Bemanning De bemanning fan Apollo 11 bestie út trije man: Neil Armstrong, Edwin „Buzz“ Aldrin, en Michael Collins. Alle trije hawwe oarlochsfleanderpiloat west en alle trije hienen al ris earder yn it hielal west. Armstrong en Aldrin hawwe as piloat tsjinne yn de Koreaanske Oarloch.Ynformaasje oer de bemanning fan Apollo 11 op de webside history.nasa.gov

{| class="wikitable" !style="background:#99CCCC; color: #000080;" colspan="16"|Bemanning fan Apollo 11 |- |Funksje||Astronaut||Lid fan NASA-astronautegroep sûnt||Eardere NASA-missys |- |Kommandant fan de missy||Neil Armstrong||<center>1962||<center>Gemini 8 |- |Kommandant moannelanner||Edwin „Buzz“ Aldrin||<center>1962||<center>Gemini 12 |- |Kommandant kommando-module||Michael Collins||<center>1963||Gemini 10

Plakferfangende en stypjende bemanning De plakferfangende bemanning bestie út trije minsken: Jim Lovell as plakferfangend kommandant, William Anders as plakferfangende piloat fan de kommando-module, en Fred Haise as plakferfangende piloat foar de moannelanner. As ien fan de besteande bemanningsleden om hokfoar reden dan ek net mear dielnimme koe oan de missy soe ien fan de leden fan de plakferfangende bemanning syn plak ynnimme.

De stypjende bemanning (Support Crew) wie it helpersteam fan de bemanning. Fjouwer minsken fan it helpersteam wienen belutsen by de training fan de bemanning: Ken Mattingly, Ronald Evans, Bill Pogue en Jack Swigert.De stypjende bemanningen (support crews) fan it Apollo-program op de webside history.nasa.gov Fan dy fjouwer minsken sieten Ken Mattingly en Ronald Evans ek as ferbiningsman - Capsule Communicator, ôfkoarte CAPCOM - yn it missysintrum yn Houston. De ferbiningsminsken wienen feitlik de iennichsten dy't kontakt hienen mei de astronauten yn it hielal. De oare CAPCOM's yn it missysintrum wienen: Charles Duke, Bruce McCandless, Don Lind, Owen Garriott en Harrison Schmitt.List mei CAPCOM's fan it Apollo-program op de webside history.nasa.gov

Flechtlieding De flechtlieders (Flight Director) yn it missysintrum yn Houston wienen Cliff Charlesworth (missybegjin en kuier op de moanne), Gene Kranz (by de lâning op de moanne), Glynn Lunney (foar de start fan de weromreis) en Gerald Griffin. Hja namen de besluten dy't relevant wienen foar it sukses fan de missy en wienen dêrneist ek ferantwurdlik foar de feiligens fan de bemanning.Flechtliedingen fan it Apollo-program op de webside history.nasa.gov

Roptekens