thumb|right|250px|Lokaasje thumb|right|250px|Hûs op East-Falklân East-Falklân (of East Falkland) is it eastlike haadeilân fan de Falklâneilannen. Op it eilân lizze ûnder oare de haadplak Stanley en de delsetting Goose Green, dêr't yn de Falklânoarloch fan 1982 fûleindich fochten is. It eilân hat in oerflakte fan 6760 km² en der wenje goed 2200 minsken (2001).

Geografy East-Falklân wurdt fan West-Falklân skieden troch de Falklân Sound. It súdlike part fan it eilân, dat troch in lâningte ferbûn is mei it noardlike part, stiet bekend as Lafonia.

Plakken Oare delsettings op it eilân binne: Port Louis, Darwin, Port San Carlos, San Carlos, Salvador, Johnson's Harbour, Fitzroy Mare Harbour.

Der lizze twa ynternasjonale lofthavens op East-Falklân: ien by Port Stanley, de oare by Mount Pleasant, dêr't ek it Britsk legerkamp leit.

Kategory:Geografy fan de Falklâneilannen